Blog Abe de Vries: Wa, o wa wie Tryntje Walings?

logo.ensafh

In genealogyske ‘cold case’ op it Bilt

Ien fan de âldere, net oploste kwestjes ûnder Fryske genealogen, mei faaks ek in foar de Fryske literatuer nijsgjirrige diminsje, treft men oan op syk nei it foarteam fan Waling Dykstra. Everardus Rollema wiisde dêr yn 2005 noch op. ‘Destijds hebben de bekende friese genealogen: de heren R.S. Roorda, Hessel Bierma, Douwe van der Meer en S.van Gelder zich met dit thema bezig gehouden.’1 Ta klearichheid is it noch net komd. Der mist nammentlik yn ‘e bewarre bleaune dokuminten in oer-oer-oerbeppe. De, tajûn, miskien wat esotearysk oandwaande fraach is hjir no: wa wie dy Tryntje Walings?… Lês fierder

Kollum Jan Willem Zwart: As blêden op ’e grûn

logo.ensafh

De dagen wurde koarter, de tún kleuret read en giel. De blêden dwarrelje foarsichtich op de grûn. It is hjerst. Yn it park sit in steltsje foar harren út te sjen. De grutte beam efter it steltsje lit hiel sêft de reade en giele blêdsjes falle. It is stil en it steltsje seit neat. Dit is in byld dat wy sa faak tsjinkomme en dêr’t wy sa ús eigen tinzen by hawwe kinne. Wy kleurje de situaasje yn, om samar te sizzen. Soe der wat wêze? Is der wat mei harren relaasje? Is der wat mei de bern? Is der sykte of wat oars?… Lês fierder

Blog Geart Tigchelaar: Bunte Vielfalt

logo.ensafh

De earste wike dy’t wy yn Dútslân trochbrochten, ferbleaunen wy in hoart yn ’e Frijsteat Saksen om by in âlde freon, mar ek by de Sorben, op besite te kinnen. De Sorben binne in Slavyske minderheid yn de súdeastlike hoeke fan Dútslân, buorjend oan Poalen en Tsjechië. Wy fytsten mei in bloedgong út de Tsjechyske heuvels wei nei Budyšin/Bautzen ta om dêr op ’e tiid te wêzen foar’t it ynformaasjesintrum om trije oere hinne op saterdei tichtgean soe. Wy kamen krekt op ’e tiid oan en ûntdieken dat de iepeningstiden oprutsen wienen fanwegen it Stadtfest.

Lês en sjoch fierder by Geart TigchelaarLês fierder

Anne Feddema

Dangast?…Wêr leit dat? Diel 1

logo.ensafh

Twaentweintich july, moarns in kertier foar fiven…FYTSEALLEMIEREN. Op ’e fyts, rjochting Grins. Yn elts gefal moat ik earst dêrhinne en der dan nochris trochhinne én foarby. Ik sil nei Dangast…wêr yn ’e goedichheid leit dat?…komt noch. We binne noch mar krekt op ’en paad no? De loft is pears-oranje-kraplak, de nacht wol noch efkes bliuwe mar dat sit der net yn. It simmerljocht wurdt gewoanwei stadichoan te sterk. Dit binne de kleuren fan it noarden, fan bygelyks Emil Nolde, selsbeneamde Germaan by útstek, dy ‘boreale’ ferve-ynstek wie nammers lang net genôch, om him op te nimmen yn it gilde fan de byldzjende Neonephellenisten fan it Tredde Ryk.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: De oardel tel fan Grapperhaus

logo.ensafh

Dêr hiene wy fan ’e wike samar ynienen wer in prachtich toanielstik. De lessen op ’e toanielskoalle moatte faaks al justjes bysteld wurde want de stilte dy’t Grapperhaus falle liet wie krekt oardel tel te lang om noch natuerlik oer te kommen. Dat it fertriet by de man dochs al wat minder djip siet as er foarkomme litte woe die wol bliken út it feit dat er al ridlik gau ûnder wurktiid wer nei it balskoppen siet te sjen.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder