Hoanne hâld dy de snaffel! De tiid dat hast elkenien yn en om de doarpen op it plattelân wol in pear hinnen mei in hoanne hie, is foarby. It wie sa’n aardichheid en men hie aaien. Hinnen waarden net holden om der better fan te wurden. De siswize is dúdlik. In hin is in sin en gjin gewin. Sûnt we net mear mei de hinnen op ’e stôk geane, is der gâns feroare. Wat gewoan wie, is in útsûndering wurden. Moudzjende hinnen sjocht men hast net mear, kraaiende hoannen heart men hast net mear. Op in pear nei is it stil wurden.… Lês fierder
…