De hertslach fan it liet (ynterview Hindrik van der Meer)

logo.ensafh

Sjonge jim pjutten ek de ferskes ‘Bijke, bijke, bijke’ en ‘Kees Kikkert’? Guon bernelieten gean al generaasjes lang mei. In protte fan dy berneferskes binne skreaun en komponearre troch Hindrik van der Meer. Hy hat hert foar muzyk én foar taal.

It petear mei Van der Meer begjint oan de keukentafel, dêr’t syn frou Beitske ek oan ’t wurk is.
‘Doe’t wy noch tegearre wiene, ha wy yn Papoea west. Ik wie dêr in jier lang ûnderwizer. De heiten fan de bern, meast fiskers, songen as sy op see wiene. Ienris, yn de nacht, hearde ik lieten. Sa bysûnder; it rekke my djip.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

myn moasslimme rûpke

logo.ensafh

 

hjoed bewûndere se myn
moaie moasslimme kul, like wol
besnijd, ien rukje der oan
it foarfel sa sitten bleau, sear

hie ’t net dien, yn ien kear
foar altyd besnien, it skeamel
rûpke bleau bleat, as in ikel
dy’t glom, wie er grut

’t soe my in pûnter wurde,
pontifikaal, koartsich glânzich.
is er yn ’t echt as er hurd
is ek sa moai, frege se

noch moaier, joech ik ta
as in spiker mei in kop, mar
pine die er dy net kaam er
yn dyn spleetsje, wier net

it soe fiele as wie ’t syn
natuerlike stee dat dy
dêr stuts, sei ik, do kinst
der fan op oan, it is sa,

sûnder erch wie er grut
en hurd.… Lês fierder