Besprek Lida Dyskstra: ‘It Spûkskip’

logo.ensafh

De titel fan it boek is ien fan de ferhalen dy’t yn it boek stean.

It Spûkskip is in boek mei allegear koarte ferhalen. De ferhalen binne elk wer hiel oars fan tema en dat makket dit boek sa leuk. Leuk om te lêzen, mar ek leuk om foar te lêzen. It boek is geskikt foar de trije heechste groepen fan de basisskoalle.

Lês fierder by Wieke Hoekstra-Ferwerda op Heit en Mem… Lês fierder

Lomme Schokker

Opmjitten fan de werklikheid

logo.ensafh

Werom fan fakânsje yn Dútslân, begjin july, lei it tredde nûmer dit jier fan Ensafh op de doarmatte. In soad post falt der oars net mear troch de brievebus: de risping fan twa wiken útfanhûs wie dizze kear in pear biddelbrieven, in net oan te ûntkommen blauwe slúf, twa rekkeningen en it Konsumintebûn mei it safolleste boekje hoe’t ik tûker en foarsichtiger wêze kin op ynternet. Sis no sels, dan is in literêr tydskrift dochs wol it meast lêzenswurdich. Sels Ensafh, hear ik mysels tinken, mar dat is wol sa freeslik flau, schäme mich!

Alle dagen fakânsje, dat ik naam de tiid om te lêzen oer it libben fan Fimme Lap (dêr’t ik aardich wat fan myn eigen ûnderfiningen yn weromken) en foaral de beide treflik byinoar passende artikels oer Cædmon en Bernlef.Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Frysk op Riis hat ferlern

logo.ensafh

Hoe is it mooglik! Frysk op Riis waard diskear tagelyk holden mei de finale fan de wrâldkampioenskippen froulju yn Lyon. Wa hie dat tinke kinnen. No’t diskear wat minder folk op Frysk op Riis ôfsetten kaam, sil grif tocht wurde dat dy fuotbalkampioenskippen dat fan gefolgen hân ha. Sa besjoen hat Frysk op Riis ferlern fan it fuotbaljen. Grif, dy wedstriid sil fan ynfloed west ha, mar it wol my net rjocht oan dat sa de beheinde mannichte besikers folslein ferklearre wurde kin. It hat yn alle gefallen net oan it waar lein, want it wie in moaie snein. Dêr komt by dat de teatertún in daalders plakje is en dat Frysk op Riis in goede namme hat.… Lês fierder

Teleks: Subsydzje foar ensafh fan it Letterenfonds

logo.ensafh

Literaire tijdschriften 2019-2020

24 juni 2019

Literaire tijdschriften konden begin 2019 een aanvraag indienen voor een subsidie van twee jaar. Veertien tijdschriften, waaronder één Friestalig tijdschrift, dienden een aanvraag in.

Het Letterenfonds kiest bij het tijdschriftbeleid voor het subsidiëren van het werk van schrijvers, vertalers en redactie. Tijdschriften konden daarom uitsluitend aanvragen voor auteurshonoraria en redactiekosten. Bij de beoordeling van de aanvragen stonden de literaire kwaliteit en inhoud en het tijdschrift als plek voor creatie en reflectie, voorop.

Voor deze ronde was het mogelijk een extra investering in de literaire tijdschriften te doen, waardoor alle aanvragen konden worden gehonoreerd voor een totaalbedrag van € 336.000.… Lês fierder