Teleks: Earste moannegedicht Job Degenaar op RIXT

logo.ensafh

Earste moannegedicht fan Job Degenaar.

Sa no en dan docht Unicef tiding oer bernearbeid, dat yn ‘e measte lannen ferbean is. Oer de hiele wrâld besjoen wurdt de situaasje stadichoan wol wat better, mar noch altyd wurdt fan 11 procent fan alle bern, sa’n 260 miljoen yn totaal, it rjocht ûntnommen nei skoalle te gean. Dit bart ûnder mear yn it suden fan India en Bangladesh. Bern wurkje dêr lange dagen foar mar in pear skytsinten. Yn faak ferskuorrend minne omstannichheden foarsjogge se sa, benammen wat de produksje fan moadeklean en tekstyl oanbelanget, yn it ferlet fan de konsuminten yn Europa, Feriene Steaten, ensfh.… Lês fierder

Het Nedersaksisch is een illusie

logo.ensafh

Soms kan politiek pragmatisme leiden tot een nieuw geleerd handboek. Ik geloof dat dit aan de hand is met Nedersaksisch in een notendop dat vandaag verschijnt. Het Nedersaksisch is eigenlijk niet een goed afgebakend begrip en wetenschappelijk maar heel beperkt bruikbaar. Dat geleerden er nu boeken over schrijven, hebben we geloof ik vooral te danken aan Johan Remkes en Henk Kamp.

Lês fierder by Marc van Oostendorp op Neerlandistiek… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Soe Ollongren wol minister fan Fryske Saken wêze?

logo.ensafh

Soe minister Ollongren wol minister fan Fryske Saken wêze? It liket in nuvere fraach, mar dat is it net. Ik ha har sels sizzen heard dat se dat is, minister fan Fryske Saken. Logysk fansels, want it Frysk heart ommers by Ynlânske Saken. Mar as de minister dat sa’n klam jout, dan ropt dat ferwachtingen op. Dêr begûn se har ferhaal dus mei, dat ik tocht, it komt hielendal goed. Oan de ein fan dat ferhaal wist ik wol better. It hie der alles fan dat de minister fan Fryske Saken de Friezen saakkundich ôfsâlte hie.

Lês fierder by It NijsLês fierder