Piter Boersma

Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 3, 2019

logo.ensafh

Redaksjoneel

Cædmon en Bernlef

Yn it twadde part fan it nûmer wurde hiel wat siden wijd oan in literêr-histoarysk ûnderwerp: twa dichters út de achtste iuw. Geart fan der Mear skriuwt oer Cædmon, de dichter fan it earste Aldingelske en dus Ingelske gedicht. Redbad Veenbaas bûcht him oer de mooglikheid dat fan ús eigen Bernlef, fan wa’t neat bewarre bleaun is dochs wat op skrift fêstlein is, dan wol gjin Aldfrysk, mar miskien wol de Aldsaksyske Heliand. Yn beide artikels wurde sawol Cædmon as Bernlef ferlykjenderwize neamd. It bliuwt foar ûndersikers in útdaging om ankerplakken út it ferline noch mear in gesicht te jaan.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Fryslân is gjin Súd-Tirol

logo.ensafh

Fryslân is gjin Súd-Tirol, betocht ik yn ’e fakânsje. Ik wie dêr en ik koe it net litte en hâld my efkes dwaande mei wat se dêr prate. Yn Súd-Tirol ha se om te begjinnen in trijetalige situaasje, dy’t mei de oarloggen hieltyd wer feroare, fan Dútsk nei Italiaansk en werom fan Italiaansk nei Dútsk. Eins wie it Ladinysk – ien fan de Reto-Romaanske talen – de iennige mar wol hieltyd lytser wurdende konstante. Om’t ik in Fryske Fries bin gie myn sympaty daliks út nei dy lytse taal. Dêr aanst mear oer.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Aginda 07-09-19: Simke Kloosterman Rintocht

logo.ensafh

Pleatslik belang Twizel organisearret, yn ferbân mei har 100-jierrich bestean, op sneon 7 septimber 2019 de tredde Simke Kloosterman Rintocht, in kuiertocht troch de Noardlike Fryske Wâlden.

De minsken kinne in moaie kuier ferwachtsje troch it prachtige kûlisselânskip fan de Fryske Wâlden, yn 5, 20 of 40 kilometer mar leafst. Troch in gebiet dêr’t Simke libbe hat, dêr’t har gedichten oer geane en dêr’t de bekende roman De Hoara’s fan Hastings him ôfspilet. Underweis is der muzyk en teater. Der binne plannen om sketskes út it libben fan Simke te spyljen, muzyk hearre te litten dêr’t sy fan hood en hapkes klear te meitsjen út har itensiedersboek.… Lês fierder