Teleks: Alde winkel yn Ljouwert moat nij kreatyf moetingsplak wurde

logo.ensafh

Sy binne de inisjatyfnimmers fan it graffityprojekt Writers Block, in grut projekt mei muorrekeunst yn de Ljouwerter binnenstêd. Se ha freed har kantoar iepene dat tagelyk ek in romte is dêr’t begjinnende ûndernimmers foar kwealik jild in wurkplak hiere kinne.

“Alles hier is te koop”, seit Serge Hollander. Hy jout in rûnlieding troch it eardere winkelpân fan Bever sport. Hy en Peter Reen sochten en lokaasje foar in kantoar foar Writers Block. “En toen bleek dat we veel ruimte over hadden. Peter had daar wel een plan voor.”

Reen: “Ja, ik ben zelfstandig ondernemer en ik weet nog heel goed dat het lastig is om als beginnend ondernemer een werkplek te vinden.… Lês fierder

Blog Henk van der Veer: Brieven fan Fryske fersetsstrider Willem Santema nei Tresoar

logo.ensafh

Tresoar krijt foar it earst brieven fan fersetsstrider Willem Santema yn besit. De yn Skearnegoutum berne Santema siet yn de Twadde Wrâldoarloch yn it ferset. Hy wie ien fan de oprjochters fan de Raad van Verzet. Yn dy perioade wenne Santema yn Snits. De ein fan de oarloch helle hy net, want op 10 augustus 1944 waard er fusillearre yn Vught.

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder

Jelma Knol

In spegelpaleis yn de poalsirkel: Paadwizer fan Eelkje Tuma (Mem 3)

logo.ensafh

Paadwizer fan Eelkje Tuma is in boek yn in boek. De Nederlânske Marike is op reis nei Noard-Sweden om yn de kunde te kommen mei Linn Mattson, de auteur fan de roman ‘Tur’ (Tur betsjut reis), dy’t sy oan it oersetten is. Se komt de mem fan de skriuwster daliks al yn de trein tsjin, sûnder dat se dat wit.

De frou by it rút die har oan har eigen mem tinken, se hie wat hippy-achtichs.

Dat tinkt Marike en dat is no krekt har probleem en de frou yn de trein, Nelly, rûkt dat op in kilometer ôfstân. Nelly soarget derfoar dat Marike Linn Mattson net samar te pakken krijt.… Lês fierder

Teleks: Oankundiging nije dichtbondel Abe de Vries

logo.ensafh

Ut it parseberjocht:

‘Tongersei 14 maart is te Aldsyl presintearre de njoggende dichtbondel fan dichter en Gysbert Japicxpriis laureaat Abe de Vries, titele Mienskar.’

‘Mienskar befettet 35 sonnetten dy’t har rjochtsje tsjin it fan minsken ferjarre (keunst)klimaat yn Fryslân en foarmet op syn eigenwize wize in wjerlûd fan Rintsje Sybesma syn Ta de moarn.’

De bondel is fergees as pdf del te laden by De Vries syn weblog.

 

 … Lês fierder

Teleks: “Fryske boek is net sichtber genôch en dêrom is bettere promoasje nedich”

logo.ensafh

It Fryske boek moat mear en better oan de man brocht wurde, fynt skriuwster Jetske Bilker. Utjouwers, media en boekwinkels binne dêr neffens har ferantwurdlik foar. Bilker sette it boekewikegeskink ‘Jas van belofte’ fan Jan Siebelink oer nei it Frysk. Neffens har binne in soad skriuwers net berne as poadiumdieren en fine sy it dreech om harren boeken oan de man te bringen. Dat soe in taak wêze moatte fan de útjouwer, mar dêr is net altyd genôch tiid en jild foar.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Skriuwersboun ‘Set Fryske literatuer earst goed op ‘e kaart’

logo.ensafh

Ljouwert wol him kandidaat stelle foar de titel City of Literature. It Skriuwersboun sjocht kânsen en stiet derop oan dat de Fryske literatuer goed op ’e kaart set wurdt.

Op 14 febrewaris lêstlyn hat It Skriuwersboun de listlûkers fan ferskate politike partijen útnûge om mei-inoar te praten oer de Fryske literatuer en oer it provinsjale belied ta befoardering fan dy literatuer. Neist de politike diskusje hawwe wy yn poëzijfoardrachten de skientme fan it Frysk sjen litten. Mei in kwis ha wy wat fan de skiednis fan ús literatuer toand en yn in kollum krige de produksje fan hjoeddeisk Frysk proaza klam.… Lês fierder