Elmar Kuiper

Aarhus, diel twa

logo.ensafh

Aarhus, stêd yn ’e mûle fan de rivier, dêr’t Vikingen húsmannen. De Denen hjoed-de-dei prate mei in hite earappel yn ’e kiel. Stêd ek dy’t kultuer en klasse útazemet. Se hawwe hjir in bibleteek oan ’e râne fan de stêd, dêr’tst dy noflik deljaan kinst yn in grutte giele setel, mei útsjoch oer de haven en see. Hjir binne iepen plakken, tsjotterje mosken as ripe dichters, kleie mokken om in mûlryp wurd. Dizze stêd doart in grutte finger op te stekken. Hjir fynst gjin grize, stive doaze fan Bonnema of sa’n misbaksel fan Hubert Jan Henket, mei syn museum op it Saailân, dat der by stiet as in bodybuilder yn in te krap jaske.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: ‘Doeslief’, no ikke net!

logo.ensafh

‘Doeslief’, no ikke net, en no’t ik wit wat dêrmei bedoeld wurdt, prakkesearje ik der al hielendal net oer. ‘#Doeslief’ want it hat, begryp ik al gau, te krijen mei in kampanje dy’t benammen foar de sosjale media ornearre is. Doe’t ik dat ‘Doeslief’ foar de earste kear hearde en seach, begriep ik der net folle fan. By Does tocht ik samar oan de lêsplanke, dy’t einiget mei: ‘weide – hok – does – schapen’. By Does stiet dan in prachtige hûn tekene. Nee, begriep ik, it giet net om in leave hûn. It is net hûnleaf. Se bedoele hiel wat oars.… Lês fierder

Syds Wiersma

A child is born

logo.ensafh

Dichters Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal en Syds Wiersma sille op útnûging fan it Aarhus Litteraturcenter yn maart in wike tahâlde yn Denemarken. De Fryske dichters binne fan plan om mei fjouwer Deenske fakgenoaten te wurkjen oan in twatalige dichtbondel en sille in oantal optredens jaan yn Aarhus en Kopenhagen.

Dei 1 yn Aarhus, 12 maart 2019

Der binne fan dy dagen dan liket de tiid rekber. Jo falle fan it iene yn it oare en geandewei begjint sa’n rige mominten te fielen as in stream en fernimst dat de tiid op ’e doele rekket yn ’e dei.… Lês fierder

Blog Lomme Schokker: De yllúzje fan in mooglikheid

logo.ensafh

‘Wat moat dít no wer foarstelle, Lieuwe? It liket wol op in freeslike fagina dat it útskreaut fan de pine. En dy kop der neist, dat kin in bern wol tekene ha. Wat binne dit foar keunsten om my hjir hinne te fieren, dit is sûnde fan dyn jild en myn tiid. Ik ha it allegearre al besjoen. Kom op, nei de kantine foar in pilske.’
De jongfeint mei it learen jaske en merakelse blinkende kettingen om de polzen kin it net hielendal fine op de oersjoch útstalling fan keunstners fan de Frije Akademy yn Museum Belvedêre.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Besprek Philippus Breuker – Dreaun fan ierde’dream.

logo.ensafh

Oud-hoogleraar Fries Philippus Breuker (1939) schreef zijn eerste publicatie over dichter/wetenschapper Obe Postma in 1983, in het tijdschrift De Vrije Fries. Postma heeft hem sinds die tijd niet losgelaten en dat resulteerde in de herfst van 2018 in een heuse, in het Fries geschreven, biografie die hij de titel meegaf: Dreaun fan ierde’ dream.

Lês fierder by besprekker Jelle van der MeulenLês fierder