The Cambridge Companion to World Literature

logo.ensafh

The Cambridge Companion to World Literature collects fourteen essays, presented evenly divided, seven each, in the two parts of the collection: ‘Worlds’ (in which the chapters: “raise general problems of conceptualization and interrogate some of the major frameworks and theorists in the field”) and ‘Practices’ (in which the chapters: “work from particular genres, techniques, modes, and forms out to the configurations and networks of literary traditions and worldly institutions that these set into motion”).

Lês fierder by complete-reviewLês fierder

Blog Abe de Vries: ‘Dan koe se in man út it plak keare’

logo.ensafh

Tusken de memorabele frouljusfigueren yn de literatuer yn Nederlân soe ek maklik de Fryske Haitskemoai fan Waling Dykstra stean kinne. As foarbyld fan emansipaasje ferskynt yn de Fryske literatuer al yn it midden fan de njoggentjinde ieu, tweintich jier foar it begjin fan de Earste Feministyske Weach, in maatskiplik ûnôfhinklike en sels tinkende en hanneljende frouljusfiguer op it toaniel. Dat is Haitskemoai, Haitske Klaversma sa’t se folút hjit.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Jacobus Q. Smink

rigels

logo.ensafh

trije rigels binne ferlern gien
yn de drokte mei de pc en ik
kin se net goed yn ’t sin bringe

it moatte wol te swiete sinnen
west ha oars soe ’k se noch witte
dochs sinniget it my net

ik sil krekt salang neitinke
oant ik se op ’e nij betink
mar tasizze kin ik neat nee

it is wol sa dat ik leavje kin
sûnder betingsten, soene jo
dat wol dwaan sei de idioat

eins fyn ik de lêste trije rigels
wol okee en lit se as sadanich… Lês fierder

Online: ‘Youmir, soan fan in túnslang’ fan Henk Wolf

logo.ensafh

Yn 2006 hat de doetiidske útjouwerij Venus myn novelle ‘Youmir, soan fan in túnslang’ útbrocht. It boekje is al jierren net mear te krijen. Mei tastimming fan Josse de Haan fan it eardere Venus haw ik de tekst no as pdf op myn website set. Ik kin wêze dat it net de alderlêste ferzje is en dat er justjes fan ‘e printe ferzje ôfwykt, dat kin ik net mear neigean.

Lês fierder by Henk WolfLês fierder