Anne Feddema

Anne Feddema út Kollum?

logo.ensafh

Alwer sa’n tritich jier lyn hold ik ta op Ateliers ’63 yn Haarlim, tsjintwurdich ‘de Ateliers’ yn Amsterdam, boartersplak foar de oanstoarmjende keunstpjutten, de kulturele, byldzjende elite, nó en doe ek al, al fernimst fan hiel wat minsken net in soad mear, sa giet dat. Fan my al, want ik haw in KOLLUM! In miening dy’t der ta docht, dy’t ik mei wurden skilderje ynstee fan ferve. Mar hoe bin ik mei it ferskynsel ‘kollum’ yn ’e kunde kaam?

Dan moat ik ek werom nei myn Haarlimske tiid. Op in stuit, yn tiid en romte, wie ik folslein útpoept.
De subsydzje fan WVC of CRM, dat wit ik net goed mear, dy’t wy as dielnimmers oan Ateliers ’63 krigen, wie skjin op.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Cool. Wie it te ynsestueus?

logo.ensafh

Sil ik mar mei de titelferklearring begjinne? Oars bliuwt soks mar hingjen en dêr hat sa goed as nimmen wat oan. De titel is in reaksje fan my op in ferslach op it Dark Web, justerjûn let. Dat wie in moai ferslach. 9 wurden. Yn njoggen wurden kinne jo in hiel soad sizze. It Dark Web is dêr by útstek geskikt foar en is dan ek in manjefike útfining.

Lês fierder by DaamLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Foar it bern

logo.ensafh

Soe der wolris ien tinke: wannear komt der wer ris in blog? Tiden hawwe tiden. Sa skriuwe je alle dagen, en sa skriuwe je in healjier net. Ik ha der net ien wer oer heard. Sûnt De Wuttelhaven del is der in soad bard. Dat wie in prachtich projekt, ien fan de meast learsume projekten dy’t ik dien ha. Wy hienen it earst wol oer in ferfolch, mar dat sil ik yn alle gefallen net útfiere. Mocht der ferlet fan wêze, dan kin ien him/har útleve, hjir is it Draaiboek De Wuttelhaven del en hjir it Literêre kuier De Wuttelhaven del skript.… Lês fierder

Blog Nadie Hania: Bargerollade

logo.ensafh

De plysje is dyn bêste freon. Sil best sa wêze, mar wêrom fiel ik dat dan net? Njonken my op’e lofter rydstripe fan de A7 rydt in plysjeauto mei twa bromsnorren deryn. In âldsje en in jonkie. Se helje my net yn, mar bliuwe yn itselde tempo neist my riden. Moai foar harren. It jonkie, de byrider meneuvelet nei my en wiist op’e gordel. Yn de hoop dat se noch gewoan trochride, twing ik mysels foaral gjin each kontakt te meitsjen.

Lês fierder by Nadie HaniaLês fierder