Teleks: Earste moannegedicht fan Janneke Spoelstra op RIXT ‘It heitejier’

logo.ensafh

6 febrewaris 2019

It is hjoed presys twa jier lyn dat ús heit ferstoar. Oer it gegeven, it ferstjerren fan ’e heit, dêr’t elk in kear foar komt te stean, of men moat sels al earder gean, skreau ik in syklus fan tolve fersen: It heitejier I o/m XII. Dy syklus is opnommen yn myn tredde dichtbondel, ‘Wij yn ’e draaimûne’. Dy bondel komt yn april út, tagelyk mei myn earste roman, beide by de Afûk Utjouwerij. Hjir alfêst, as myn earste moannegedicht, in priuwke:

Lês fierder by RIXTLês fierder

Blog Lomme Schokker: De raket yn it jiskefet

logo.ensafh

‘Wêr wiesto op sneon 29 oktober 1983?’ frege Rabber Roatsje my, doe’t er amper de winterjas ophongen hie.

‘1983? Doe wenne ik yn Amearika.’

‘Dan wiesto de iennige Fries dy’t dy deis net oan it demonstrearjen wie tsjin de krúsraketten op it Maliefjild yn De Haach. Komitee Krúsraketten Nee, seit dy dat wat?’

‘Jawis wol. IKV, Sienie en Mient-Jan, ik ha der letter as PSP-stimmer wol wat fan meikrigen, ja.’

‘En bist wat op de hichte fan de hjoeddeiske geopolitike ûntjouwingen?’

‘Man, op myn âlde dei bin ik stjerrende benaud dat ik it Breaking News misse sil. Ik iepenje de hiele dei troch nijs-apps, fan Teletekst en FoxNews oant en mei De Knilles Teleks en It Nijs.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Ien Fries, allegearre Friezen

logo.ensafh

Ien Fries, allegearre Friezen, dat soe hast de útkomst wêze kinne fan alle aksjes om genealogyske ûndersiken hinne. Friezen ha mear as in bytsje belangstelling foar dat soarte fan ûndersiken oangeande har komôf. Dat begjint al as we mei oaren yn ’e kunde komme wolle. Wy fertelle dan graach fan wa’t we ien binne en wêr’t we weikomme. Dan docht ornaris rillegau bliken dat we faak en folle famylje faninoar binne. Hjoed-de-dei kinne sokke petearen hieltyd faker ûnderboud wurde mei genealogyske ûndersiken. Party minsken ha dêr aardichheid oan en Tresoar stipet dat omraak. Der binne ek aardige resultaten te melden. Ik tink oan reedrider Sven Kramer en turner Epke Zonderland dy’t yn de fierte neven faninoar binne.… Lês fierder

Teleks: Graet Hylper Wordeboek ferskynt 29 maart

logo.ensafh

Het Hindeloopers is een dialect van het Fries, maar heeft een eigen ontwikkeling doorgemaakt, zodat het tegenwoordig behoorlijk van het gewone Fries afwijkt. In die zin is het vergelijkbaar met de Friese dialecten van Terschelling en Schiermonnikoog. Het Hindeloopers valt op door zijn conservatisme: verscheidene eigenschappen van het Oudfries zijn er nog in terug te vinden.
Alhoewel er al een Hindelooper woordenboek(je) bestond (Gosse Blom: Hylper Wurdboek, 1981), is in 2006 op de Fryske Akademy toch besloten om een nieuwe versie te maken, om op die manier de Hindelooper taal nog een zo goed mogelijk te beschrijven.
Na jaren van intensieve arbeid is het woordenboek nu gereed.… Lês fierder