Dit lân is ús lân, dit lân is Fryslân
Fan Keale Dunen oant it Skylger eilân
Fan de griene wâlden oant de wide greiden
Dit lân leit klear foar my en foar dy
Lês fierder by Lomme Schokker… Lês fierder
Dit lân is ús lân, dit lân is Fryslân
Fan Keale Dunen oant it Skylger eilân
Fan de griene wâlden oant de wide greiden
Dit lân leit klear foar my en foar dy
Lês fierder by Lomme Schokker… Lês fierder
Tatiana Pratley folget mei yngong fan 1 augustus 2020 Ira Judkovskaja op as artistyk direkteur fan Tryater.
Pratley is hikke en tein yn Fryslân (Ljouwert 1985). Se hat fierder woartels yn Frankryk, Ingelân en Poalen. Se studearre Keunst, Kultuer en Media oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Dêrnei die se de rezjyoplieding fan de teäterskoalle fan de Amsterdamske Hegeskoalle foar de Keunsten. Dêr studearre Pratley yn 2012 ôf.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Op tongersdei 14 febrewaris, in moanne foar de provinsjale ferkiezings, grypt It Skriuwersboun de kâns oan om in jûn te organisearjen mei in fiiftal listlûkers om sa mei-inoar yn petear te kommen. Yn it kultuerbeliedsplan dat krektlyn ferskynde, is de literatuer nammentlik behoarlik oan ’e krapperein kommen. Om dy reden wolle de skriuwers de politisy de skientme fan ’e literatuer meijaan en harren fergje om dat aspekt mei te nimmen yn it nije kolleezjeprogram. Want: sûnder literatuer gjin Frysk!
Yn Tresoar sille Klaas Kielstra (VVD), Johannes Kramer (FNP), Marijke Roskam (PvdA), Michiel Schrier (SP) en Matthijs Sikkes van den Berg (GrienLinks) diskusjearje mei skriuwers, útjouwers en literatuerleafhawwers.… Lês fierder
Amperoan in flueske yn ’e feart of
ûnder de wolvemoanne fan ’e nacht
streekje, swetsend en swearend,
oan winter syn stamtafel de wurden
Lês fierder by Dichter fan Fryslân… Lês fierder
Poëziemiddag 17 februari 2019

De gezamenlijke galeries in Koudum – Het Beeldhouwcentrum, Galerie Kunst in Beweging, Galerie Lytse Skientme, Galerie 13 Manen – organiseren met het Lunch Atelier Koudum net als vorig jaar een poëziemiddag in de Hoofdstraat. In kleine groepen wandelen de deelnemers van galerie naar galerie. In elke galerie zal poëzie te horen zijn en/of muziek gemaakt worden.

De voertaal is zowel Fries als Nederlands.In navolging van de Nationale Poezieweek is het centrale thema ‘vrijheid’. Het programma start in het Beeldhouwcentrum, waar belangstellenden worden ontvangen met koffie en thee. Aansluitend leest Ytsje Hettinga hier gedichten voor. Vervolgens doen de bezoekers de overige galeries aan, elk met een eigen programma.… Lês fierder
De Stifting Krúspunt ropt alle dichters yn Fryslân wer op om in tekst yn te stjoeren foar de Bernard Smilde Priis 2019.
Mei de Bernard Smilde Priis wol Krúspunt stimulearje, dat der nije tsjerkelieten yn it Frysk of ien fan ’e Fryske streektalen ûntsteane. De priis is foar orizjinele lietteksten en foar oersettings fan lietteksten út in oare taal wei.
Dit jier wurdt in liet frege oer of nei oanlieding fan it tema ‘mienskip’. De uterste ynstjoerdatum is 16 maart 2019; de priis sil útrikt wurde op de Krúspuntdei fan 13 april 2019.In tekst moat foar 16 maart 2019 ynstjoerd wurde op it folgjende adres:
Hein Jaap Hilarides by Iepen Up op 30 Jannewaris.
Hein Jaap Hilarides is dichter fan de moanne jannewaris by RIXT. Hy sil syn beide moannegedichten op 30 jannewaris foardrage by Iepen Up yn Neushoorn te Ljouwert en fertelt oer en lêst foar út syn nije bondel Ofskaid en Utsicht, in bondel mei ferhalen, stikkys en gedichten yn it Bilts, koartlyn ferskynd by Utjouwerij Louise.… Lês fierder