Piter Boersma

hildegards drinkfet

logo.ensafh

I

it drinkfet in saneamde kanaänskaal
de brulloft fan it wetter-yn-wynwûnder
kaam út kleaster eibingen is it ferhaal
de grutte dichter fûn him hiel bysûnder

II

út har kleaster waard goethe in drinkfet ryk
mar hy komt ek by de roazekrusers lâns
ivich libben esotery romantyk
de ierdske mins siket him bryk om in kâns

III

hy hat net it útsjoch fan in amfoarkrúk
hy hat gjin hals en de iepening is wiid
ûnder de brede kraach in skouder gjin búk
de drinkkom is wier unyk en dêrom swiid

IV

orïintaalsk albast kaam út egypte wei
foar amfoaren kommen flessen en sok reau
de krúsfarders brochten sok diggelguod mei
dat in protte yn kleasters bewarre bleau

V

faaks krige hildegard de kom as geskink
fan de byzantynske keizerin bertha
dy ûntfong fan har in brief mei de wink
god wol fan dyn hert in brânoffer ha

VI

dy goudkleurige drinkkom fan kalkalbast
dat bertha him hildegard joech is gjin slach
wa’t de suggestje die is wier gjin fantast
de keizerin wie in prinses von sulzbach

VII

soe hilde der in kear wyn út dronken ha
ik reitsje oeral fan dy mooglike die
it museum yn weimar moat ik nei ta
ik wol myn lippen hâlde dêr’t sy se hie… Lês fierder

Teleks: De Grode Gedichtenoavend op 8 feberwoarie in Marktzicht te Drachten

logo.ensafh

Vrais literair tiedschrift Ensafh organiseert weer zien joarliekse Grode Gedichtenoavend. Dizze moal wordt t in Kefee Marktzicht hòlden op 8 feberwoarie 2019. Elke dichter, in wat veur (streek)toal ook, kin mitdoun. Joe huiven nait ains dichter te wezen, joe kinnen ook n vèrs van joen favoriete dichter veurlezen. Ineke van der Heide zel veurlezen oet t op zulfde dag bie oetgeverij Hispel verschienend bouk mit kinderverskes ‘Broek mei bûsen’. Dichters en veurlezers op d’oavend kriegen as tegenprestoatsie dizze oetgoave cadeau. Dij oavend zellen de Grunneger dichters Jan Bos, Willem Tjebbe Oostenbrink, Melle Hijlkema en Klaas Duursma ien elks geval optreden. Tussen poëzie deur zel der in t gezellege Drachtster kefee Grunneger meziek klinken van Bert Hadders.… Lês fierder

Blog Henk van der Veer: Onder Biltkers in Grou op un moaie sundachmiddach

logo.ensafh

Wat un (h)earleke sundachmiddach hew ik beleefd in ut Grouster Sylsentrum, tegare met Hein Jaap Hilarides & syn maten. Dat wil sêge òrganisatòr en útgever Eddy van der Noord, beeldend kunstenaar en drummer Hendrik Elings en Syds Wiersma een fan myn Friese favorite dichters. Tussen alle optredens deur kregen we ok nòch lekker soep en broadsjes ( wêrfan 1 met su’n lekkere kroket). Inderdaad ut was un Bildtse Brunch.

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder

Blog Daam de Vries: Man, man man!!! Ekstreem!!!!!

logo.ensafh

Juster ha wy ús jierlikse winterjûnenocht wer hân yn de tsjerke fan Bitgum. Op sneon dus. Oars ha wy dat altyd op freed mar wy seagen al hiel lang lyn oankommen dat op dy dei de horrorwinter krekt ta in klimaks komme soe en soks wolle jo net riskearje. No tinke jim fansels dat wy de waarplom goed yn ‘e gaten holden hawwe mar dat is net sa, ús beslút is fan folle earder datum. Boppedat is it net sa dat elk dy’t mar wat nei dy waarplom sjocht fuortendaliks in waarman is, neffens Piet Paulusma. Der komt folle mear by te sjen.… Lês fierder

Besprek Tsead Bruinja ‘Hingje net alle klean op deselde kapstôk’

logo.ensafh

De bondel is net twatalich skreaun, lit de titel sjen. Dy is Nederlânsktalich, sûnder de Fryske oersetting derefter. It omslach jout dalik oan, op it plak dêr’t de Frysktalige titel set wie as it in twatalige bondel west hie, dat yn de rectoverso oersetting de Fryske taal behannele is as de oarspronklike taal en it Nederlânsk as bestimmingstaal.

Lês fierder by Friduwih Riemersma op Fers2… Lês fierder

Fryske dichters op ‘roadtrip’ troch Denemarken

logo.ensafh

Dichters Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal en Syds Wiersma sille op útnûging fan it Aarhus Litteraturcenter yn maart in wike tahâlde yn Denemarken. De Fryske dichters binne fan plan om mei fjouwer Deenske fakgenoaten te wurkjen oan in twatalige dichtbondel en sille in oantal optredens jaan yn Aarhus en Kopenhagen.

Lês fierder by Tsjomme Dijkstra op de MoanneLês fierder