Geart Tigchelaar besprekt de bondel ‘It leafst bin ik in fûgel’.
P.S. it lêste gedicht dat Geart behannelet is fan Eppie Dam.
Geart Tigchelaar besprekt de bondel ‘It leafst bin ik in fûgel’.
P.S. it lêste gedicht dat Geart behannelet is fan Eppie Dam.
Yn ’e âld learen stoel mei in kop kofje yn ’e hân sit ik omjûn troch de dichtbondels fan Cornelis van der Wal en in stikmannich jonge magneten, myn soan fan fjouwer en syn maten, te aventoerjen yn ’e skedelkosmos fan it Mantsje, Knilles, Kees, Cornelis. Wat in sûnderlinge krusing tusken in aap en in preester is dy Fryske dichter dochs.
Yn syn lêste bondel Wolf yn harnas sprekt er oer stjerren en planeten, it doarpke Betlehim, lilke wyn en fersûpe lykas foarsein; oer swalkers, boargers, pommeranten, de kont fan de ridder en it glydzjen fan soppige parren yn de mar; oer baarch bret yn beppe’ boerebûter, mei ierappels, soere stip en slaad; oer brânoffers, triljend fruit, skerpe tosken, god en satan; oer ûle, mûs en marter; oer ûnderwerpen en ek dingen.… Lês fierder
Fideobesprek Geart Tigchelaar fan Syds Wiersma syn twatalige dichtbondel ‘Twintig liefdes een Saudade/Tweintich leafdes in Saudade’.