Iepenloftspul Jorwert 2010
De lêsklub fan Omrop Fryslân hat gear west oer ‘Fol túch de mist yn’, fan Hidde Boersma. Klik hjir om dizze útstjoering te beharkjen.… Lês fierder
Lang = poer?
In koarte reaksje op de diskusje tusken Sigrid Kingma en Teake Oppewal
Ik sil besykje koart te kriemen, oars tinkt Sigrid Kingma fan my ek noch dat ik ‘poer’ bin en har ‘in snotaap’ fyn. Earlik sein sjoch ik it kausaal ferbân net hielendal, ik tink earder dat Teake Oppewal in saaklike reaksje op in ûndersykje jûn hat en dat Sigrid Kingma dêr op de ien of oare manier net mei út ’e fuotten kin, ek sjoen har fierder wat warrige reaksje. Oppewal docht nammentlik wat de warbere studinten neilitten hawwe en dat is de konklúzjes dy’t men (wat al te hastich?)… Lês fierder
Reaksje op de earste reaksje fan Teake Oppewal
Help de literatuer, help de skriuwer!
No koenen der twa dingen barre. Of ik krij gjin reaksje op it stik, óf it wurd hielendal ôfbaarnd. Teake Oppewal sil wol tocht hawwe: wat soe sa’n snotaap no, ús projekt de grûn yntraapje wylst wy dêr moannen oan wurke hawwe. Hy moat poer west hawwe want syn reaksje is langer as ús stikje sels. Ik hie dochs wol wat mear in wjerwurd ferwachte. It is eins in frij swak stik as ik dat sa sizze mei. Oppewal fettet ús stikje gear mei de sin: “It pod-projekt wurdt oan de ien kant skaaimerke as net-kânsryk as it giet om Fryske lêsbefoardering, oan de oare kant wurdt it feit dat de boeken yn it Frysk binne ek wer sjoen as in oarsaak dat it noait in grutte saak wurde kin mei dy Frysklêzerij.”… Lês fierder
Earste reaksje (pleatst op 16-05-2010)
De bydrage fan Sigrid Kingma en in groep oare studinten oan ensafh op 30 april 2010 oer de Nije biblioteek ropt de nijsgjirrige fraach op oft it wol leannet om Fryske boeken op ’en nij oan te bieden yn it printing-on-demand-konsept (pod) fan de Nije biblioteek. De toan fan it stik is wolwollend-skeptysk.
Tagelyk fernimt men de wrakseling mei de lytsens fan de Fryske wrâld. It pod-projekt wurdt oan de ien kant skaaimerke as net-kânsryk as it giet om Fryske lêsbefoardering, oan de oare kant wurdt it feit dat de boeken yn it Frysk binne ek wer sjoen as in oarsaak dat it noait in grutte saak wurde kin mei dy Frysklêzerij.… Lês fierder
No’t wy it dochs oer literatuer hawwe…
Op 9 april waard yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar de webside www.sirkwy.nl offisjeel de blauwe e-loft ynstjoerd. In grut spektakel fansels! De webside waard opsetten mei it ambisjeuze doel om Fryske literatuer op ’e nij ûnder de oandacht fan de befolking te bringen. Fjouwerentachtich Fryske klassikers, wêrfan’t guon al in moai skoft net mear drukt wurde, binne tagonklik makke as e-book op de webside. Troch in nije printtechnyk is it no ek mooglik om sa’n boek foar in skaplik pryske op bestelling printsje te litten, wat se mei in moaie Fryske namme ‘Printing On Demand’ neame.… Lês fierder