Kollum Willem Schoorstra: Echte helden

logo.ensafh

In protte muzikanten hâlde op ’t heden lockdownsessys. Op ôfstân mei-inoar muzyk meitsje. Sammy Hagar, bekend fan Montrose en Van Halen, is dêr mei syn band The Circle ien fan. It lêste nûmer dêr’t se in cover fan diene, wie Heroes fan David Bowie. Se hiene der foar de gelegenheid in fideo by makke, mei bylden fan gewoane minsken dy’t yn krisissituaasjes heldhaftich hannelje.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Daam de Vries: Se binne te kuierjen

logo.ensafh

2021 ferrint oan no ta sa moai as wat. It iene hichtepunt jaget it oare, sis mar. Hjoed is it fansels wol blue monday, dat is efkes in dipke, mar ien dei yn it jier moat soks kinne.

Freed hat it kabinet de kuierlatten nommen. Yn de measte kranten stiet dat it fallen is mar dat is net sa. Se binne opstapt om’t se benaud wiene dat se falle soene. Se koersten nammentlik streekrjocht op in tribunaal ôf en doe’t se dat bespeurden ha se gau besletten efkes in blokje om te gean. Dat is steatsrjochtlik net hielendal yn ‘e es mar dat kin ek net oft jo net witte wat rjocht is.… Lês fierder

Blog Hanneke de Jong: Earste reaksjes op It Ferbeane Boek

logo.ensafh

As der in nij boek yn ’e winkel leit, ha ik it leafst de oare deis reaksjes. Mar sa wurket dat fansels net, dêr moatst op wachtsje en dat duorret lang! Lit stean ast hopest op in stikje yn in krante of in blêd. Want resinsjes oer in berneboek, hielendal yn it Frysk, hoechst amper mear te ferwachtsjen. Sels yn it Nederlânsk is dat hurd achterút buorke en dat is spitich, want in besprek kin minsken, heiten, memmen, pakes en beppes nochris op in idee bringe. It Friesch Dagblad is de positive útsûndering, Toin Duijx mei alle sneonen in side folskriuwe oer berneboeken!… Lês fierder

Blog Lomme Schokker: Wat it each fan de skôger sjocht

logo.ensafh

In frou yn myn libben is ien fan dy nijsgjirrige minsken dy’t alles wat bysûnder is neier beskôgje moat. Sy kin in prachtige beam net foarby rinne sûnder in foto te nimmen, sy wiist my mei myn beheind kleurûnderskiedingsfermogen op it ferskaat oan ljochttinten troch de ûndergeande sinne; sy wol op har fiif en santichste de wrâld bereizgje en foaral frjemde eksoatyske plakken opsykje, it leafst allinne.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Besprek ‘Quist’ fan Koos Tiemersma

logo.ensafh

It Fryske boek ‘Quist’ (2020) is skreaun troch Koos Tiemersma (1952), in populêr skriuwer fan Frysktalige lieten en fan in oantal romans. Dit is syn tsiende roman.
Op it boekomslach sjogge wy it byld ‘Wurge Feniks’, makke troch de Drachtster keunstner Jan Ketelaar.
It boek is sawol op papier as digitaal yn it Frysk ferskynt, wylst der ek in Nederlânsktalige ferzje as e-boek beskikber is.

Lês fierder by besprekker Wiep KoehoornLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Ines Pultrum

logo.ensafh

De misdied dy’t myn frou en ik jierrenlang begien ha, is grif ferjierre. Boppedat wisten wy it net, dus hjirby ús bekentenis. Yn de tiid dat de gemeente Smellingerlân noch gewoan Smellingerlân hjitte en net sa nedich tige betiizjend mei de namme Drachten pronkje woe, kaam der in jong stel te wenjen yn Boarnburgum. Dat stel wie myn frou en ik.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder