Bergen oan See
Parkearmeters bydel fljucht de floed op dy ôf
en do rekkest kwyt fan hjoed op moarn of
al earder spieldesto yn ’e brâning oan:
goed te berikken, farske fisk, snapshot
fan wytpleistere holidayfilla’s folhongen
mei lila’s fan Monet en it boskje giele tulpen
plakt oan de snút fan in snoekebek.
Lês fierder by Abe de Vries… Lês fierder