De sliep
Ferflokt jim donkere fergiften,
Wite sliep!
Dizze o sa singeliere tún
Fan skimerjende beammen
Fol slangen, nachtflinters,
Spinnen, flearmûzen.
…
Wintersang yn a-mineur
Der drûpe reade kûgels út de tûken,
Troch lange sniefal stiloan swart en swier.
De paap bekrúst de deade op de bier.
Nachts tilt it op fan de bemomme spoeken.
…
De swalker
Altyd linet tsjin de heuvel de wite nacht,
Dêr’t yn sulvertoanen de peppel opriist,
Stjerren en stiennen binne.
…
Ferfal
By jûntiid, as de klokken frede liede,
Bemykje ik de wûnd’re fûgelkloften;
As fromme pylgerstoeten lâns de loften
Ferdwine sy yn hjerstich kleare widens.… Lês fierder