Waailân: dichters op it eilân
Fan 11 oant en mei 13 septimber organisearret Dichterskollektyf RIXT har earste skriuwerswykein op de Folkshegeskoalle Skylgeralân, Skylge. Yn dat wykein komme dichters fan RIXT en fan it eilân by-inoar foar in útwikseling om mei-inoar te wurkjen oan nije fersen dy’t hja op it poadium bringe mei in einoptreden.
Dichterskollektyf RIXT bestiet sûnt 2018 en hjoed-de-dei binne der mear as fyftich dielnimmende dichters oansletten mei elk harren eigen lûd en styl, in unikum foar Fryslân en de Fryske literatuer. It skriuwerswykein is nei oanlieding fan de winsk by de dichters fan it kollektyf om de ferbining te sykjen, harren yn de poëzy te ferdjipjen en om mei-inoar poëzy te skriuwen en op te treden.… Lês fierder