Lida Dykstra is woansdeitemoarn ynstallearre as earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Sy sil de kommende twa jier it gesicht wêze foar de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Lida Dykstra is woansdeitemoarn ynstallearre as earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Sy sil de kommende twa jier it gesicht wêze foar de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
It byldsje fan in tsjirk dat ta neitins oan skilder en dichter Gerben Rypma yn Aldegea (SWF) stie en dat der ôfrûne wike weihelle is, is ynienen werom. Bestjoerslid Ida Feenstra wie nei it Brekkenpaad ta gien om in boerd op te hingjen om út te lizzen dat it keunstwurk ferdwûn wie. Mar doe’t sy dêr kaam, stie de tsjirk wer op de sokkel.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Op in hikke oan it Brekkenpaad by Aldegea (Súdwest-Fryslân) stiet in byld ta neitins oan skilder en dichter Gerben Rypma. Of eins: stie… It keunstwurk is nammentlik ferdwûn. It giet om stielen byld fan in tsjirk (tureluur) dat makke is troch keunstner Hans Jouta.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Lida Dykstra sil woansdei 22 jannewaris feestlik ynstallearre wurde as Berneboeke-ambassadeur. It feest fan takom wike is it offisjele startsein foar Lida Dykstra as Bernboeke-ambassadeur fan Fryslân.
Lida Dykstra (foto: Barbara van Rijn/Bluet Foto)
De kommende twa jier sil sy de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan. Op School Loevestein op ’e Gordyk sil wethâlder Libbe de Vries yn it bywêzen fan alle learlingen de amtsketting by Lida om ’e nekke hingje, it teken dat sy offisjeel yn tsjinst is as Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder
De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.
Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!
De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.
Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…
Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.
Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder
De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, presintearret in jûn yn it Wâldfrysk, mei gedichten, ferhalen en muzyk. Der binne ek optredens troch Johan Veenstra, dy’t fertelle sil yn it Stellingwarfs, en Hein Jaap Hilarides, dy’t it Biltsk brûkt. Sy sille de ferskillen fan dy taalfarianten hearre litte en fertelle oer de komôf.
De jûn is yn De Lawei te Drachten en begjint om 19:30 oere. Kaarten binne te krijen by De Lawei.
De foarstelling wurdt mei mooglik makke troch Tresoar.
De gedichten yn de bondel Ntrije55 hat Elske Kampen skreaun nei oanlieding fan dat materiaal. Dêrmei set se in folgjende stap op har paad om poëzy te skriuwen op grûn fan hieltyd abstrakter byld. De bylden yn de bondel binne fan deade matearje, mar roppe poëzy op dy’t oer it libben giet.
Lês fierder by It Skriuwersboun… Lês fierder