Greet Andringa

Teleks: Besprek fan de fiif romans fan Koos Tiemersma

logo.ensafh

Yn ferbân mei de takenning fan de Gysbert Japicx-priis 2015 oan Koos Tiemersma en de útrikking dêrfan op sneon 10 oktober, pleatst Ensafh hjir it yn 2012 yn de papieren Ensafh ferksynde artikel fan Greet Andringa oer it oant dan ta ferskynde wurk fan Koos Tiemersma. Dêrnêst linke wy hjir nochris nei it artikel fan Geart Tigchelaar op Skanomodu oer Einum, Tiemersma syn priiswinnende roman.
It artikel fan Greet Andringa is yndertiid ta stân kommen as lêzing fan it Sirkwy seminar 2012’, dat organisearre waard troch Tresoar, Ensafh, Bibliotheek Service Fryslân, Taalburo Popkema en Bersa Tekstwurk. De oantsjutting ‘Sirkwy’ ferwiist nei de literauerwebside fan Tresoar: www.sirkwy.nlLês fierder

Aginda 23-10-15: Dei fan de Fryske Taalkunde

logo.ensafh

It Taalkundich Wurkferbân fan ‘e Fryske Akademy organisearret dit jier foar de sânde kear de Dei fan de Fryske taalkunde.
De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde.

Datum: freed 23 oktober 2015
Tiid: 9.25-16.30 oere
Plak: Gysbert Japicx-seal Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert

Sjoch foar mear ynfo en opjefte: Fryske AkademyLês fierder

Teleks: Noardsee is Nederlânsk tema op de Buchmesse 2016

logo.ensafh

Nederlân en Flaanderen presintearje har op de Frankfurter Buchmesse yn 2016 mei it tema de Noardsee, dy’t Flaanderen, Nederlân en Dútslân mei-inoar ferbynt. Artistyk ferantwurdlike Bart NoardseeMoeyaert fertelt dat er it breder lûke wol as de Buchmesse allinnich, troch ek gearwurkingen op oare plakken oan te gean. De Frankfurter Buchmesse is de wichtichste boekebeurs yn ‘e wrâld en wurdt altyd yn oktober holden. De Nederlânske en Flaamske literatuer stean takomme jier sintraal. By de kommende edysje is Yndonezië te gast.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Aginda 02-10-15: Boekpresintaasje Obe Postma ‘It deistich libben by âlds’

logo.ensafh

Boekpresintaasje It deistich libben by âlds
Datum: freed 2 oktober. Plak: Frysk Lânboumuseum, Koaidyk
8b, 9264 TP, Earnewâld (Tel.: 0511-539420).

It deistich bestean by âlds – fan de hân fan Philippus Breuker, ûnder meiwurking fan Tineke Steenmeijer-Wielenga en Klaske Straatsma – is it twadde en tagelyk lêste diel mei stúdzjes op histoarysk gebiet fan Obe Postma. Syn fersprate histoarysk wurk is dêrmei maklik tagonklik makke. De earste bondel mei histoaryske stúdzjes wie Veld, huis en bedrijf.
Landbouwhistorische opstellen (2010). It karakter fan It deistich bestean by âlds is lykwols hiel oars as fan dat earste boek. Dat befettet meast stúdzjes fan de earste jierren, dit fan de lettere tiid.… Lês fierder