De DBNL (Digitale bibliotheek voor de Nederlandse Letteren) wreidet hjoed de ôfdieling Fryske literatuer út mei de folgjende fjouwer romans:
Nei de klap – Trinus Riemersma; De oerwinning fan Bjinse Houtsma – Anne Wadman; Sterke skouders – Hanneke de Jong; Losse hannen – Saakje Huisman. Foar de simmer sille noch twa titels folgje, te witten
Minskebern – Margryt Poortstra en Koartsluting – Akky van der Veer.
Dêrmei kin elkenien de tekst fan dizze boeken op www.dbnl.org rieplachtsje. Oant no ta steane sa’n 85 Frysktalige titels op de site.
De kombinaasje TDE (Tresoar, Elikser, DBNL) wol boppeneamde seis titels dit jier ek útbringe as werútjefte yn de foarm fan in printing-on-demandboek, en wêr mooglik as e-boek. … Lês fierder





