It kin hast nimmen mear ûntgien wêze: de kroaden wurde wer foar it ljocht helle.
Dizze aksje is spontaan ûntstien nei in petear op Facebook. De skriuwers fine it spitich dat de sutelaksje opholden is, want de Sutelaksje wie foar de skriuwers it hichtepunt as it om ferkeap gie en foar lêzers omdat se op in ienfâldige en tagonklike wize mei skreaun Frysk en boeken oer Fryslân yn’e kunde kamen. Yn boekhannels binne wy miskien net altyd like maklik te finen, mar wy fine dat der genôch is dat de muoite wurdich is om sjen te litten. It ferskaat is grut.… Lês fierder

