Jelma Knol

Oantinkens oan Tiny Mulder

logo.ensafh

No’t Tiny Mulder (berne yn Beetstersweach op 2 april 1921 en ferstoarn tongersdei 4 novimber 2010) net mear ûnder ús is, is it tiid om stil te stean by har wurk en har libben.
Sûnt de santiger jierren lies ik har poëzy en yn 1983 kaam ik foar it earst mei har yn ’e kunde, doe’t Megiel Muller en ik har ynterviewden yn Jellum foar FRYX. Se siet doe noch folop yn har wurk foar it Friesch Dagblad. Dêryn hie se har fêste rubriken en se skreau resinsjes oer de Fryske literatuer. Koarte, puntich formulearre besprekken dy’t rjocht diene oan it wêzen fan elk boek dat yn de krante oan de oarder komme moast.… Lês fierder

Tiny Mulder ferstoarn

logo.ensafh

Sa niis krige ik berjocht dat fannemiddei de dichteres Tiny Mulder ferstoarn is nei in slimme sykte. Tiny waard op 2 april 1921 berne yn Beetstersweach. Yn’e Twadde Weareldoarloch wie sij fersetsfrou. Tiny Mulder krige û.o. de Medal of Freedom ûnderskieding mei Silver Palm yn 1946 fan de Amearikaanse regearing. As sjoernaliste by it Friesch Dagblad skreau Mulder û.o. prima resinsjes.
Foar al har literêr wurk krige Tiny Mulder yn 1986 de Gysbert Japikspriis. In hiele bysûndere frou is net mear, gelokkich har wurk noch wol. Rêst yn frede.

Boarne: Henk van der VeerLês fierder

30-11-10 Lêzing Tromp oer poëzij

logo.ensafh

Fan ’t winter sil der in rige fan fjouwer lezings organisearre wurde by Tresoar, der’t saakkundigen in algemien oersjoch en in persoanlike wurdearring fan de Fryske literatuer yn it nije millennium yn biede sille. Dus net allinne: wat is der ferskynd?
Mar benammen ek: is it de muoite wurdich? Efterinoar sille Hylke Tromp, Bouke Oldenhof, Alpita de Jong en Doeke Sijens in persoanlik oardiel jaan oer de sjenres der’t se yn it Fryske literere fjild algemien as ekspert yn jilde.

Data en sprekkers:

30 nov – Hylke Tromp, ‘De tromp fan Driessen’, oer de poëzij

Lês fierder

Harry Mulisch ferstoarn

logo.ensafh

Harry Mulisch is gisteravond op 83-jarige leeftijd in Amsterdam overleden. Hij was de laatst overgebleven schrijver van ‘de Grote Drie’, nadat eerder W.F. Hermans en Gerard Reve stierven.
Mulisch was een van de beroemdste Nederlandse schrijvers van de 20e eeuw. Hij schreef meer dan tien romans en tientallen verhalen.

Lês fierder by de NOSLês fierder

Fjouwer lêzings Tresoar

logo.ensafh

Fan ’t winter sil der in rige fan fjouwer lezings organisearre wurde by Tresoar, der’t saakkundigen in algemien oersjoch en in persoanlike wurdearring fan de Fryske literatuer yn it nije millennium yn biede sille. Dus net allinne: wat is der ferskynd?

Mar benammen ek: is it de muoite wurdich? Efterinoar sille Hylke Tromp, Bouke Oldenhof, Alpita de Jong en Doeke Sijens in persoanlik oardiel jaan oer de sjenres der’t se yn it Fryske literere fjild algemien as ekspert yn jilde.

Data en sprekkers:

30 nov – Hylke Tromp, ‘De tromp fan Driessen’, oer de poëzij

11 jann – Bouke Oldenhof, ‘It ferlies foarby’, oer it toaniel

25 jann – Alpita de Jong, ‘Spegelskrift’, oer it proaza

8 feb – Doeke Sijens, ‘It libben sels’, oer de biografy.… Lês fierder

Biografyske skets Gerben Rypma

logo.ensafh

Op sneon 6 novimber ferskynt by de Gerben Rypma Stifting

Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús fan Eeltsje Hettinga

Yn De keunstner fan it dûbele krús, in biografyske skets oer de dichter-skilder Gerben Rypma (1878-1963), hat skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga it libben en wurk fan ‘de hjerremyt fan de Brekswâl’, sa’t Rypma wol neamd is, delset yn in brede literêr-histoaryske, sosjaal-ekonomyske en religieuze kontekst. It boek is rynsk yllustrearre mei foto’s, ôfbyldingen fan skilderijen en sketsen fan de keunstner en der is ek in moaie seleksje fan Rypma syn poesy yn it boek opnaam.

Eeltsje Hettinga (Burchwert 1955) skreau earder de tekst foar Abe Gerlsma, zijn werk zijn leven (2008) en Albert Oost, de lyriek van het sublieme toeval (2008).… Lês fierder