Liuwe Westra

‘Not wholly true, not perfectly theocentric’ 2e diel

logo.ensafh

Der binne fansels ferskate nivo’s te ûnderskieden as men in boek op ‘kristlikens’ hifkje wol. Al by myn mûnling tintamen Ingelsk waard ik deroer ûnderstien oft ik de ûnderskate kristlike tema’s en simboalen wol sjoen hie. En dat binne nochal in pear. Sa binne der in oantal lokaasjes oan te wizen mei mear of minder paradyslike trekken. Ien is it Goa dêr’t de Hobbits yn (betreklike) frede tahâlde, oant it kwea de boel begjint te fersteuren en de haadpersoanen hûs en tún efter har litte moatte. In oar stee is it wâld Lórien, it lêste stee dat noch net oanrekke is troch de kweade machten op Midierde, en bewekke wurdt troch de macht fan ‘e Frouwe Galadriel, dy’t trekken fan ‘e Faam Marije draacht.… Lês fierder

Foaropwurd 64

logo.ensafh

LÊSTE NÛMER FAN ’T JIER

In drok jier wie ’t, mei in protte polemyk, redaksjewikselingen, mar ek wer mei in bulte ynstjoerings! Wy hoopje yn jannewaris wer mei nije moed en ynset oan ’e slach te gean en wolle jimme, lêzers en skriuwers, no alfêst tanksizze foar jim meiwurking yn it ôfrûne jier. Lykas bekend sille de bêste en nijsgjirrichste publikaasjes op Farsk takom jier ferskine yn it Jierboek 2005.

Begjin takom wike komt der noch in besprek fan Tsead Bruinja syn bondel Gers dat alfêst laket op de site. No earst mar noflike – tsjustere! – dagen tawinske, in goed útein en in moai begjin fan 2006.… Lês fierder

Abe de Vries

Leafdeslied fan in ferlegen sater

logo.ensafh
oer gers dat alfêst laket fan tsead bruinja.

Nei de hynders en bommen, it foarmgeweld en de nijsgjirrige spielerei mei postmoderne ferfrjemdingstechniken yn Gegrommel fan satyn (2003) bringe it gers, de fjilden, de seedyk en de hast arkadysk besongen leafde yn Tsead Bruinja syn nije, fjirde Frysktalige bondel Gers dat alfêst laket in woldiedige fersobering.

Ferfloeien
It ADHD fan ’e grutte stêd is fier fuort, de lûde kladderadatsch fan bylden en genres is ynwiksele foar in iepen, muzikale en foaral ierdse lyryk dy’t – dat kin no alfêst sein wurde – guon fan de moaiste leafdesfersen opsmyt dy’t ik de lêste jierren yn it Frysk lêze mocht.… Lês fierder