Beart Oosterhaven

In dynamyske syktocht

logo.ensafh

Sneontejûn 7 febrewaris 2015 gie yn ‘De Koornbeurs’ te Frjentsjer Wiebe Kaspers syn teaterprogramma ‘It Gouden Fjild’ yn premjêre. Yn dat programma, en op it hjir te besprekken cd-album Nei sa’n dei dat dêr as soundtrack by heart, ûndernimt de oarspronklik fan Jorwert ôfkomstige muzikant en lietsjesskriuwer in syktocht nei it eigen, noch jonge, ‘ik’.

‘Vijf sterren’
Wiebe Kaspers (24) krige ferline hjerst ynienen in soad media-omtinken, om’t er as begeliedend pianist letterlik in grutte rol spile yn Syb van der Ploeg en Gé Reinders har teaterfoarstelling ‘Van Pompeblêd tot Proemevlaai’, dêr’t dy mannen mei troch hiele Nederlân toerden. De Ljouwerter Krante skreau yn dat ferbân: ‘Syb van der Ploeg en Gé Reinders verdienen met deze voorstelling echt vier sterren, maar Wiebe Kaspers verdient er vijf’.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

‘Is in oarloch sels ferskriklik, de neisleep is dat likegoed.’

logo.ensafh

Besprek Op klompen troch de dessa: Indiëgongers fertelle fan Hylke Speerstra

In keppel manlju stiet al mei bamboespearen en hakmessen om him hinne. Hy wrot him op ien side, dan op ’e rêch lizzend, as wol er him yn syn hiele hear en fear oerjaan. It stiel fan in hakmes wurdt him yn syn krús treaun. Hy wol sizze dat er him oerjout, siket om wurden yn de taal fan de oermacht. Se roppe en raze, hy begrypt dat er him útklaaie moat, besiket it, mar is ta neat mear yn steat. Dan wrame en snije se him alle klean fan ’e lea.Lês fierder

Geart Tigchelaar

And the winner is…!

logo.ensafh

Men hat fansels altiten sa jins favoriten. Dan falt it net ta om in sa’n objektyf mooglik stik te skriuwen. Om dy reden sil ik dat yn de ûndersteande skôging ek net besykje, mar sil wol besykje om oan alle tolve nominearren foar de GJ-priis rjocht te dwaan. Mar dit stik is ek bedoeld om de diskusje op gong te bringen/fierder te bringen, dat sjit mar raak, soe ik sizze. Ik haw almeast myn eigen besprekken oanhelle. Dat is net út narsisme wei, mar domwei om’t it hjir giet om wat ik fan de nominearren fyn.

Sipke de Schiffart – Wat it is om bang te wêzen (2012)

Stikem bin ik grut fan fan de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen fan Sipke de Schiffart.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear Jan Schotanus

logo.ensafh

 

Goed ark foar it Frysk is tige wichtich, fandêr dat ik pleite ha foar it griene boekje.’

Jan Schotanus (1950, Jellum) hat de ûnderwizingsoplieding dien oan de PABO yn Ljouwert. Hy krige yn 1972 in beneaming oan in basisskoalle yn Mantgum en folge dêrnjonken de twaddegraads oplieding Nederlânsk. Yn 1980 begûn er mei oersetten, earst njonken syn wurk as skoalmaster, mar hy hat no in fulltime baan oan it oersetten en skriuwen. Hy hat yntusken 12 berneboeken en 7 oersettings fan berneboeken op syn namme stean. Jan Schotanus sette ek toanielstikken oer foar Tryater, en de lêste 25 jier foar it Iepenloftspul Jorwert.Lês fierder

Dirk Jan Muntendam

Déjà-doch mar net

logo.ensafh

Besprek It Sunhouse Mystearje fan Anders M. Rozendal.

De mysterieuze titel en dito foarkant makken dat it boek my bot oanlake. In titel dêr’t fan alles fan te ferwachtsjen wie, in efterside dy’t ferhelle oer déjà-vu en déjà-vécu’s. It tinken dat je eat alris faker sjoen hawwe en it tinken dat je itselde al ris meimakke hawwe. Djipgong en útdaging, dat woe ik fine yn it boek en mei in soad entûsjasme sloech ik it iepen.

It boek ferhellet fan Janny dy’t nei in kuierfakânsje yn Ingelân ynienen dreambylden foar har sjocht dy’t op it ferline slaan. In soarte fan déjà-vu, mar dochs is dat krekt net genôch om te beskriuwen wat hja meimakket.… Lês fierder

Ans Wallinga

Besprek ‘In nije heit’ fan Thys Wadman

logo.ensafh

Wa hat as bern noait syn nocht hân fan in strange mem? Of fan in heit dy’t je konstant oan de kop seurt? En wa soe dan net graach wolle dat heit of mem opsâlte, alteast foar eefkes. Meastentiids bliuwt it by tinken. Gerke, de haadpersoan út In nije heit, makket lykwols op in jûn syn argewaasje oer syn saaie, noartske heit kenber oan syn mem. Hy wol in oare heit ha, in nije heit. En it hoecht net iens in nijenien te wêzen. Twaddehâns mei ek.
In pear wike letter op syn jierdei, hy sil likernôch tsien jier wurden wêze, sit der in nije heit op de bank.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Maart 2015

logo.ensafh

Wy nimme de tried wer op wat dizze rubryk oanbelanget. Cornelis van der Wal hat it stokje fan Tryntsje van der Steege oernommen. In protte lêswille tawinske!

 

Poëzij

Albertina Soepboer
Herbarium

Frysk en Frij, Ljouwert 2014
ISBN 9789085660378
Ferkeappriis € 10,00

Yn de bondel Herbarium lit Albertina Soepboer sjen wat har as dichter nau oan it hert leit. Dêrom hellet se foar it ljocht wat se oan planten bewarre hat yn har herbarium. Dy planten roppe in wrâld fan passy en dea op. Tiid is net in line de fierte yn, mar in sirkel. Lykas by planten komme yn de fersen bloei en ferstjerren hyltiten op ‘e nij foarby.… Lês fierder