Redaksjoneel en ynhâld ensafh 5

logo.ensafh

Redaksjoneel

We lokwinskje ús redaksjelid Jacobus Q. Smink hjirby nochris fan herten mei it winnen fan de Gysbert Japicx-priis 2013! Hy krijt dy priis takend foar syn njoggende bondel, Sondelfal (2009).
Foaroan yn dit nûmer in fers dat Eppie Dam, ek nominearre foar de Gysbert 2013, skreau yn 2009 nei oanlieding fan it sawat tagelyk útkommen fan syn bondel, Blausucht, en Jacobus Q. Smink syn no bekroande bondel. It fers hat er opdroegen oan Jacobus. It is nei de bekendmakking al publisearre op www.ensafh.nl.
It stik fan Josse de Haan oer de nominearre en inkelde net-nominearre dichters en dichteressen foar de Gysbert 2013 is ek, mar dan foar de bekendmakking, earder op www.ensafh.nl… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Koos Tiemersma

logo.ensafh

Fraachpetear mei Koos Tiemersma oer syn skriuwen, digitaal publisearjen en oare saken

Koos Tiemersma is berne yn Frjentsjer yn 1952. Hy groeide dêr op yn in boerehúshâlding. Sûnt 1975 wurket er as ûnderwizer en skoaldirekteur op in basisskoalle yn Kollumersweach, dêr’t er ek wennet. Koos Tiemersma is nei 2000 bekend wurden as de skriuwer fan romans. Dêrfoar wie er warber op it mêd fan de muzyk. Yn 2000 wûn er de Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal ‘Job-in alter’. It ferhaal foarme de basis foar syn earste roman De Ljedder, dêr’t er yn 2004 de Rink van der Velde-priis foar wûn.Lês fierder

Geart Tigchelaar

In grins te fier?

logo.ensafh

Jaap Krol (1970) is sterk, o sa sterk, yn it beskriuwen en yn it trochgrûnjen fan alledeiske minsken yn alledeiske dingen. Dat hat er mear as sjen litten yn de bondel Nûmers, en dat fierder útwurke yn it relaas oer Henk Faber en Mofro yn de roman M/F (2006). Dy gewoane minsken wurde delset yn alledeiske situaasjes, mar ûnderhûdsk spilet der him hiel wat mear ôf as oan de oerflakte dúdlik wurdt. Mei syn nije ferhalebondel, It fûgelgebed, hat er syn eardere wurkwize mear rafinearre en perfeksjonearre. De kop moat der echt by, it is gjin boekje om foar it sliepen efkes oer te eidzjen.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Ta folle waaksdom kommen

logo.ensafh

Troch allerhanne tûkelteammen koe ik no krekt te set oer it album Der’t ik weg kom fan Hein Jaap Hilarides, mei fjouwer oarmans en alve Biltsktalige nûmers fan himsels. De skiif waard al opnommen yn 2011 en kaam ferline jier út.

Frysktalige bands, Biltske roots
Hein Jaap Hilarides (Sint Jabik 1969) is al sûnt 1986 warber yn ’e Biltske en Fryske muzykscene. Yn it begjin fan ’e njoggentiger jierren krijt er in plak as toetsenist yn ’e Frysktalige groep Wiegels Wjukkelmasine. Mei dy achtmansformaasje spilet er ek bûten de provinsje Fryslân en berikt er sels de heale finale fan ’e Grote Prijs van Nederland!… Lês fierder

Gerbrich de Jong

In Fryske Carry Slee?

logo.ensafh

 

 

De titel fan it nije boek fan berneboekeskriuwster Hanneke de Jong stiet yn leafst trije kleuren op it omslach drukt, op in felblauwe achtergrûn. Fierders stiet it kaft fol mei bûnt opmakke cupcakes. De lêzer komt fuort yn ’e feeststimming as er dit boek sjocht. Mar wa’t begjint te lêzen, fernimt al rillegau dat it boek oer mear giet as allinnich mar om feest.

Haadpersoan is Marike de Walle, in famke fan in jier as fjirtjin. De rest fan de húshâlding De Walle bestiet út heit, mem en broerke Peter. Mem wurdt meikoarten fjirtich jier en it idee ûntstiet om dat mei in ferrassingsfeest te fieren.… Lês fierder

Sigrid Kingma

De foarstelling fan dyn libben

logo.ensafh

It aksjeboek foar bern is fan’t jier in oersetting en wol fan de populêre Caja Cazemier. Cazemier hat tsientallen titels op har namme stean. Har boek Vamp is yn 2008 bekroand troch de jonge sjuery. It gloednije jeugdboek Foarstelling is fuort nei de Nederlânske titel Echt spel ferskynd, oerset troch Ans Wallinga. It boek is werkenber as ien fan Cazemier troch de probleemtema’s dy’t mei in soad ynlibbing en spanning útwurke binne, mar noch mear troch it oansprekkende hardcover kaft. It giet oer de fyftjinjierrige Roos dy’t krekt te hearren krijt dat har âlden útinoar geane en de sechstjinjierrige Joppe dy’t it dreech hat mei it fertriet om syn ferstoarne mem.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Nicolaesz Vlaming oer syn ûndersyk nei langstme by Friezen om utens

logo.ensafh

‘Nyckle Haisma hat my op it spoar set.’

Nicolaesz Vlaming (1962) is dwaande mei in promoasje-ûndersyk nei langstme fan Friezen om utens. Hy docht dat by de universiteit fan Grins. Hy is dêr yn 2008 mei begûn en wol takom jier syn proefskrift klear ha. Vlaming hat skiednis studearre oan de Universiteit van Amsterdam en is learaar oan it Amsterdams Lyceum. Hy wennet yn Zaandijk. We ha dit petear yn de serre fan hotel Goerres yn Akkrum, mei útsjoch oer rivier De Boarn.

IMG_4203

Wêr giet dyn ûndersyk krekt oer?
Nicolaesz: ‘It giet oer langstme fan Friezen dy’t ferfearn binne nei oare parten fan Nederlân of it bûtenlân.… Lês fierder