Jûn oer stavering en standertwurdlist, 28 juny 2013
It wie in rûzige, reinige jûn yn midsimmer dat Provinsje en Fryske Akademy in iepenbiere diskusje belein hiene yn It Aljemint. De boppeseal fan de Akademytsjerke like hast twatredde fol te sitten mei belangstellenden foar de staveringsferoaring en skriuwtaalstanderdisearring. Meastepart frisisten en frisiasten, tastreamd yn de hope op ferljochting oer dizze kwestje dy’t no al twa moannen safolle tongen, pinnen en kompjûterkaaibuorden losmakke hie. Wat skriuwers, in stikmannich studinten. En ek in nustje Steateleden, sij it net fan alle partijen (bywêzich wiene wurdfierders fan PvdA, FNP, CDA, VVD, CU en GL).
Oer dizze staverstriid is kontra en pro ûnderwilens in dossier opinystikken folskreaun mei de omfang fan in foech âld boereroman.… Lês fierder
