Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de lêste ensafhynternetôflevering fan 2009, mei it gedicht ‘Mare Frisicum ‘fan Jaen, mei dêryn de rigels: ‘sinne strykt oer Schylgeralân / en oer Hessel syn one street town / oer fyts- en ruterpaad / oer wykein en oer wrâld’; mei it ferûntrêstigjende ferhaal ‘Tritich jier sechtich’ fan Hidde Boersma en it twadde ferhaal oer syn fytserij by de Mont Ventoux op, ‘In man wurdt âlder’ fan Bert Bakker; mei in desimberkollum fan Willem Winters en in sniekollum fan Skermer; mei in oersetting troch Anne Feddema fan proaza fan de Russyske absurdist Daniil Charms; mei in besprek troch Piter Boersma fan de de debútbondel Ik Skip fan Edwin de Groot.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Poëzy
Yn dizze ôflevering slacht de poëzy foar master op. Jaen bringt hulde oan de ‘Fryske froulju’: ‘hammerteannen en trou beminnen / ried ik, sunich garjen en frede bewarjen’.
Anne Feddema draacht it gedicht ‘Wa’t my foar de fuotten rint’ by, in gedicht mei in útsmiter. It ‘aaisonnet’ fan Koos van der Sloot is der ek wer by.
Skermer syn kollum giet ek oer poëzy, nei oanlieding fan in blomlêzing fan poëzy fan oeral: ‘Foar alle wissichheid, it giet om oersettingen fan poëzy út oare talen, der stiet gjin Nederlânsktalige poëzy yn, dat is spitich, want it hie hiel nijsgjirrich west om te sjen hokker Nederlânske gedichten in plakje by dy 300 krigen hiene.… Lês fierder

Jelma Knol

Yasperina yrriteart

logo.ensafh

Bollman & Bollman, Marga Claus har fjirde roman, giet oer in travestyt, Yasper, dy’t wurket oan syn coming out.  De fraach is oft dat troch syn omjouwing akseptearre wurdt.
Dêrmei snijt Marga Claus op ’e nij in maatskiplik relevant tema oan yn har wurk, lykas se earder die yn Oxzana, ferhaal fan in flechtling (2000) en De heit fan Serafyn (2003). Dat falt yn dizze skriuwster dy’t tige lêsbere romans mei in heldere struktuer skriuwt, te priizgjen. Itselde jildt foar de yngeande dokumintaasje fan har ûnderwerpen. Wat dat lêste oanbelanget past Bollman & Bollman skoan yn de rige romans dy’t se earder skreaun hat.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Besprek

Yn dizze ôflevering fan ensafh besprekt Jelma Knol de roman Bollman & Bollman fan Marga Claus oer it maatskiplik relevante tema travesty.

Kollums

Willem Winters hat it oer it blikje fan Pierre Manzoni, dy’t sei: ‘Minsken keapje alles, as de keunstner it mar synjearret, sels syn stront.’

Skermer bejout him op terrein fan de oertinking: ‘Minsken binne berne foar it paradys. Sa sjoch ik it. Net foar de hel.’

Ferhaal

Hidde Boersma draacht it ferhaal ‘Two more beer’ by oer syn tiid yn Israël: ‘“Maarten, dochs?”’ sis ik, hy knikt, “Israël, Hayarkon Hostel, Tel Aviv.”’

Poëzy

Andries Miedema is ek wer ris fan de partij mei it sonnet ‘Teplak’.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

It is hjerst. Yn dizze ôflevering fan ensafh is der wat fan te merkbiten.

Mar likegoed ek fan ’e maitiid: leechsûge aaien.

Gedichten
De poezy yn dizze ôflevering is fan Piter Boersma, Rein de Lange, Koos van der Slott en Cornelis van der Wal.
Rein de Lange dichtet yn ’thúskomst’: ‘dochs in izige ûnrêst / ferwûnet it paad / blyn farwetter foarút’.
‘Fansels’ is de titel fan Cornelis van der Wal syn gedicht, dat fansels giet it oer de hjerst of leaver sein syn hjerstdepresje, mar hy hâldt hoek en de redenen wêrom binne treflik.
Yn Piter Boersma syn gedicht fiert in blêd dat al yn ’e simmer losliet it wurd, in brún elzeblêd, in hjersttafriel yn ’e simmer.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Gebrûkspoëzy fan de nachtsuster

logo.ensafh

It mei út de kranten bekend wêze dat Simy Sevenster sûnt jier en dei ferhalen skriuwt; se wûn dêr al ris in Rely mei, mar dat hja ek gedichten makket is yn de literêre wrâld minder witten. Faaks ferskynden har gedichten wol op lokaal nivo, mar yn de periodiken as De Moanne/Trotwaer, Farsk, Hjir ensfh. haw ik net in fers fan har sjoen. De Friese Pers Boekerij hat no dan al in fikse bondel sammele mei in lytse sechstich fersen ûnder de titel Yn de see fan it libben. Neffens in wurdfierder fan de útjouwerij giet it om ‘gebrûkspoëzy’, what ever that may be!… Lês fierder

Piter Yedema

The air of poetry (The poetry of Tsjêbbe Hettinga)

logo.ensafh

When in 1993 the Frisian poet Tsjêbbe Hettinga appeared on stage during the Book Fair in Frankfurt, Germany, he caused a kind of shock to the audience by reciting, or rather by sing-saying, some of his poems. Although practically no one in the listening crowd understood a word—even the Dutch don’t know Frisian—they were greatly moved by the airs of the unknown poet. No language barrier existed anymore. The people were caught up by the deeper layers of the poetry: the vocals and consonants, the syllables, the melody, the colour, by all of which they could create their own images. Triumph of the archaic, victory of the oral.… Lês fierder