Wetterbommen en skûmspuitbussen
It is snein, 18 febrewaris, moarns seis oere. Ik bin yn Arequipa. De oare jûns bin ik healwei tsienen yn Cusco yn de bus van maatskappy Cruz del Sur stapt. En no te plak. Moai sa’n busreis yn Súd Amearika. Ik hie der as jonge hiel moaie foarstellingen fan. Sa’n âld bus mei twa bargen op de efterbank, oeral koaien mei hinnen en oar libben guod. Boppe op it dak fansels ek allegearre sekken mei hannel, hinnen, knynen en wit ik wat. En dan de minsken. Moai yn dy frjemde drachten. De lytse froulju mei bûnte doeken op de rêch.… Lês fierder