Gabrielle Terpstra

Desimberjûn

logo.ensafh

 

 

 

 

Winterleafhawwer Gabrielle Terpstra sjocht yn ’e maaityd mei mankelikens werom op de feestdagen…

Desimberjûn

Dûmny Ypma sil de krystbeam oanstekke
It wie twa jier lyn de grutste krystbeam fan hiel Fryslân
Wat wiene wy Frjentsjerters grutsk
Mar in pear dagen letter kaam it op de Omrop
Der wie yn de provinsje ien dy’t krekt twa sintimeter grutter wie

Dus op dizze desimberjûn gean wy foar de moaiste
Wy genietsje fan Gluhwein en
Hooplik komt der gjin min nijs
Dat wy de op ien nei moaiste hawwe
Dat der ien is dy’t krekt twa tinten moaier is
In nóch grienere strûk

Yn Fucking Donkerbroek… Lês fierder

Ruerd Smaling

De Gjalp: Mem (Mother)

logo.ensafh

 

Op 23 april is Ensafh nr. 2 útkaam mei it tema literêre prizen. Yn dat ramt diele we de kommende tiid de filmpkes fan de Gjalp-winners fan 2025.

Ruerd Smaling wie ien fan de dichters dy’t de Gjalp yn 2025 wûn mei in fers by byldmateriaal út it Frysk filmargyf. Mei syn gedicht jout hy in filmpke fan breidzjende froulju (1952) in djippere, tragsyke laach:

… Lês fierder

Teresa Pascual / Syds Wiersma / Ignasi Ripoll / Marian Hulshof

fjouwer gedichten

logo.ensafh

 

 

 

 

Quan vingues,
vine sense paraules.
Anirem dibuixant-les
en el cos com un foli,
anirem inventant-les
en les formes del tacte.
Vine sense records,
amb vestimenta nua
d’imatges retingudes.

Ut: Les Hores (1988)

 

Asto ​​komst,
kom dan sûnder wurden.
Wy sille se tekenje
op ús liif in fel papier,
wy sille se bleatlizze
yn foarmen fan oanreitsjen.
Kom sûnder oantinkens,
mei neakene klean sûnder
achterholden bylden.

 

 

El teu cos no és sal i és la sal
com no és pa tampoc i és el pa
que ara s’ha partit en dos i menge
sacrílega, santament, sacrifici,
eucaristia de la nit oberta.… Lês fierder

Eelke Veltman

Deine meid

logo.ensafh

 

 

 

ABE, de roppende dichter yn de griene woestyn
poetst de boeken fan syn literêre foarâlden
linen fan tradysjes rinne as sleatten troch de greiden
ek sy dy’t tichtsmiten, ferlein, ferjitten binne

ik sit op in bankje oan it kanaal en wit
dat dizze ûnheilsprofeet – ergens op it lân oan de oare kant
achter in mânske reidkraach – krityske taal útslacht
sa’t dat fanâlds giet yn de Fryske poëzy

klots klotss klotsss der fart in ferliedlike boat foarby
heechglânswyt, ritmysk lûd daget my út
se hyt Escape babe: swiety diel my dyn fielen . . .

TE MAKLIK KONSUMEARJE SE DATJINGE
WAT YN WURDSTREAMEN OPTSJINNE WURDT

oh jemy, de roppende ûnderbrekt de belibbingsekonomy
sorry babe, moat harkje, jou te folle om iensume mannen

POADIUMBISTEN FAN EXPLORE LAAPJE IT SKRIFT OAN HAR LEARS
SNETTERJENDE HEALWIZEN STOARTE WETTER UT DE MÛLE

ha dy Explorers ús siel soms ferkocht?… Lês fierder