
Fersen
koltrui

foar de alfde jirdei freegje ik in koltrui
dan sjochst de strimen net fan it tou
de sisel klapt om de frêle jongesnekke
as er fan de hikke springt yn ’t nije hok
wat in gelok & wat in rare skok brekke
him de lea & behâlde syn geast & siel
& mem seit er ta dat er it nea wer docht
noch dwaan sil wannear dan ek, wier
Hiske de kat is oan it stjerren, se leit
mei de kop it hok út, mei de snút der út
& ferweecht in spastysk smoarch poatsje
se hat foar wat lucht de lêste sike socht
se kin net skjin bliuwe mei in sloppe tonge
ik bin by dy moaie, leave & snoade kat… Lês fierder
it is it bewegen
de túnman

oardel jier hanwosken,
mei gjinien fûstke,
thúsbleaun,
neuroatysk de lucht ferfarske,
mûlekapkes droegen,
ôfstân holden
ta de meiminsken,
de bern en bernsbern
amper sjoen,
oardel jier bang west
foar in firus
en dan stjerre oan in hertstilstân… Lês fierder
Saint Brendan

Syds Wiersma reizge dizze simmer troch Ierlân om dêr in dichtbondel te
skriuwen. Yn 2019 makke er in begjin mei dit projekt. Guon fersen ferskynden
koartlyn yn Ensafh 3 en 4.
It gedicht ‘Saint Brendan’ ûntstie nei de beklimming fan Mount Brendan,
in berch oan de westkust fan it Ierske skiereilân Dingle.
Neffens de tradysje liede Brandaan (c. 484 – c. 577) dêr in
kleastermienskip en boude er by in ynhamke oan de foet fan dy berch syn
currach-achtige boat dêr’t er jierrenlang mei in groep muontsen en in
pear ûnleauwigen mei op de Atlantyske oseaan omswalke.
Saint Brendan
Dingle, Brandon Creek
In bytsje as wekker wurde út in boartlike
dea, de kleare stilte dêr’t ik yn ôfdaal.… Lês fierder
Missa Brevis
Brune sûker

Yntroduksje
Ik bin opgroeid yn De Westereen, in doarp mei in eigen taaltsje: “Hikke en teen yn De Westereen”. De Westereen hat in bepaalde namme yn Fryslân, mar iksels wie de bange en bleue kant it neist. As jonge puber harke ik meastentiids nei de Veronica top 40. Mei de slachsin “Met The Stones op één, voel je je blij van top tot teen” wûn ik in platebon, doe’t Brown Sugar op nûmer 1 stie. Wylst ik noch gjin platespiler hie, kocht ik dochs myn earste LP… Sticky Fingers (de hoes wie útfierd as in spikerbroek mei rits). Dit jier is it 50 jier ferlyn dat dy LP útbrocht waard.… Lês fierder


