
Fersen
Even stil
fata morgana

net alle rivieren streame nei see
jou my dyn hân en lit ús opdrûgje
yn in kâlde woestyn, ferbaarn
de skippen achter dy
yt de bôle fan juster op
de skaal fan it eagenblik
it is net it snijen dat sa sear docht
mar it iepenhâlden fan de wûne, kom
ming dyn read troch it swart-wyt
bewarje net mear bang it
fjoer fan hjoed kin moarn
ek wol fonken jaan
guon sizze dat dêr moed
foar nedich is oaren
sprekke fan in yllúzje
ik neam it lok
Skrift 10
Opgroeie

ik sjoch har swalkjen troch de tún, sabeare
ûnkrûd rikt oant boppe har holle
sêft gers op okselhichte
wol tikboartsje
sûnder ferlos
it leafst ferdwine
yn ‘e hoksen tusken de broeiers
weeft se in jurkje fan koweblomkes
it rûkt dêr nei rust en kerrelige ierde
ljocht dat troch it grien brekt
bringt libellen mei, dûnset
noch fier fan sneinsguod, gesangen
en ferbeane bleate fuotten
de klok slacht
der is oant tsien teld
it stek giet ticht
mei fatsoen moat sy
ta minske makke
ôfskied nimme
fan hommelfreontsjes… Lês fierder
de skatgraver

foar de wippers* fan de Hounspolder
ik dol skatten op
fan hege wêzens mei belied
oant ik moksels brek – miskien
spit de earste ljep fan in foarbye maitiid –
de fuotstappen fan in jonkje
dat lâne oare kant sleat
(hy hie bôle mei, priuw de krommels noch)
in gouden ring skaaf ik ta grús
in jongfaam bedobbe it geskink –
se woe him net
dy rike boer mei syn praatsjes
hakje yn it izer fan in rider
de holle dizenich nei in kâlde tocht
ferlear hy syn redens op it fjild
ik graaf tsjin miljarden yn
wat kostet it ferline eins?… Lês fierder

… 
…