Andries Miedema

Havendei

logo.ensafh

 

De havenstêd yn iere skimer
wurdt wekker yn it earste lûd,
beweging fan ’e hege floed
driuwt stomers nei de fierste kimen.

Troch de strjitten garje weinen
files foar it grut beweech
fan minsk’ en lading en de seinen
read op grien en jachtich heech.

Thúsreis fan ’e fiskersfloaten
de sinne yn ’t foar de fangst al wûn.
De takelkranen oer de boaten
stjoere ladingen nei ’t rûm.

De ûnstjoerstêd, ’t havenkertier
mei kroegen, wurkfolk, lichte roazen,
swiere jonges, fleur en tier,
gaos as yn Pandoara’s doaze.

De wylde dei, te koart en gysten,
mei net ferlieze want de nacht
oersjocht op strange siferlisten
gong en tiid fan tonnen fracht.… Lês fierder

Jetze de Vries

In tin boek

logo.ensafh

 

 

Yn de side fan in tin boek fûn ik him, de goudbek
mei fêstplakte wjukken, krekt as de kat

tsjin my oer, wist ik nea fan syn flecht en lânskip
lûde túnman mei syn rop, krekt as de kat

dy’t my op ‘e skurte springt – it skaad fan de keamer
slút mear en mear as in blom tsjin it ljocht

slommerjend hûs, eachgatten, sykjend nei stikken
loft… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Wolf

logo.ensafh

 

 

In wolf slûpt de stêd yn, troch tsjustere
steechjes, oant er foar in tsjerke stiet.
De klok slacht tolve, in wolf wachtet,

sjocht bek omheech mei giele eagen.
De ljochten dôvje yn ‘e toer en it lûd
fan in foet rûgelet by de treppen del.

Read it sop de teannen lakt mei ierdbei
rint de frou yn strielen grien en blau
op glêde skearde skonken nei ûnderen ta.

In wolf slikket har lytse fuotten sâlt, lang
hat er wachte, se streaket syn rûge facht.
Har sêfte wite hals mei er hawwe. Hap.
. … Lês fierder

Tao Te Ching – It Boek fan de Wei en de Deugd (2)

logo.ensafh

 

Laotse

Tao Te Ching – It Boek fan de Wei en de Deugd

 

Ferfryske troch Eric Hoekstra


Foarwurd

Ensafh publisearret fan ’t simmer trije kear in kar út de oersetting fan Eric Hoekstra. Twa kear op Ensafhynternet en in kear, ein augustus, yn de papieren Ensafh. Dit is de twadde fan de trije foarpublikaasjes. Foar de earste foarpublikaasje op Ensafh-ynternet klik hjir. .De folsleine oersetting sil yn septimber yn boekfoarm ferskine by Utjouwerij Elikser.

Redaksje Ensafh

Ynlieding

De Tao Te Ching bestiet út 81 stikjes tekst, part proaza, part poëzy. De yndieling yn 9 skiften fan 9 gedichten ha ik sels makke.… Lês fierder

Bartle Laverman

zo vliet zijn aardse leven heen

logo.ensafh

 

wiswier, it wie in moai gesicht:
in folle frouljusboarst
en dan syn âlde grize kop
blastich fan de prednison
smakkend oan har spyn

‘op myn stjêrbêd wol ik tate ha’
stie yn hânskrift boppe ’t bêd
sels wie er dat al lang fergetten

ik sei:
skink ús de glêzen
mar ris ta de râne fol
en lit ús ite
oant wy barste
fan ús triennen… Lês fierder