Eppie Dam

Wêr moat it hinne mei in fers?

logo.ensafh

 

foar Jacobus

Der giet in bus fan Sondel nei Aldsyl,
in giele gondel troch de tiid, dy âlde grize,
mei runen op ’e sydkant en fersen foar elk rút,
de letterfeinten laitsjend, it fammelaach
yn ’t blide, rydt de Nacht Express dat út.

Ergens moat de reis begjinne – sjoch oars
nei in gedicht: ‘in fers is net witte en draai
hokfoar nûmer, mar tink net nei, en draai, en draai’,
en ryd, en ryd, mei losse hannen en de eagen ticht
kinst mei nimmen oan ’t roer noch oeral hinne.

It wie Inne dy’t yn Nijemardum, doe’t de sinne
read bij ’t tintdak fan ’e toer delglied, blynfarrend
dêr de nachtbus út it weinhok ried, en mei in lus
as ombocht troch de gaasten, Ella en Jacobus
oan board stappe liet fan wat no in Q-liner wie.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Omheech yn it stof

logo.ensafh

 

In keamer op ‘e souder en ik wachtsje op in fisioen.
Ik wenje no yn in oar hûs, mar bin noch altyd alkoholist.
De trep, hy kreaket, ik bin it net, sit op in stoel.

Stadich geane stappen omheech yn it stof, in geast
Is net swier, dat de gast sil grif út matearje bestean.
In hân, in swart boek en in rûne holle mei bolhoed

Komme troch it trepsgat, it stekt efter in briltsje brânglês.
It mantsje knikt freonlik, set him del op it bêd en seit fan:
Knilles, lês dit boek, hast it sels skreaun. En dan mar dea.… Lês fierder

Joris D. Raven

Oerstek

logo.ensafh

 

kobben kriize tiid en transendinsje
in dônsje de Rônstad yn ’e rêch
dêr’t it libben dien it dek schoddet
trilt de baren bringe tebinnen
dot eigen ritme de lucht in sucht
fon ferlichting fon wetter
aanst fon meand gers… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

Wachtsje

logo.ensafh

 

Skaad tekenet it antlit
lofts it ljocht, rjochts it donker,
in teare krol foar ’t ear.

Hoe hoeden sit hja oan de tafel
mei ûnder it blêd de hannen gear.
Wachtsjend, mei de holle skean.

In ranke swiere frou,
mei ûnwisse dwelm-eagen
en in lange swannehals.

Oft er komt is net fan belang.
Allinne dat knipen fan de fingers
en dat ljocht en donker op ’t wang.

 

 … Lês fierder

Andries Miedema

Frjentsjer 1947

logo.ensafh

 

Degelik klaaid yn swier mansjester pakken
swart as de loaits stoareagjend oer de dyk,
seach ik as bern de swiere karre rôljen
fan it iene nei it oare geasteryk.

Twa stjoerden deistich itselde rjochte paad
en trije oan in raffelich tou derfoar.
De broeder ek ferlern yn tsjustere tinzen
yn trage gong oant fan it gesticht de doar.

De lichte fracht te lyts foar grutte mannen
en nei in hoartsje leech it paad werom.
It mâle waar as passend yn ’e sêne
fan de groteske gong nei hel of hillichdom.… Lês fierder

Anne Feddema

Shuttlebuske Krakau-Auschwitz-Birkenau. 1 febrewaris 2012

logo.ensafh

 

Fan Hostel nei Holocaust
Yn’e Shoah Shuttlebus
Optochte dichtershumor
It grut besuskjen
Is begûn, beswarder
De moedmage romjend
Rêchbekling mei ‘ tv ‘
Swier ferline yn it nije
Byldskermkes mei
Auschwitz DVD
Sjauffeur draait buske
Lofts rotonde op
Kampkamera draait nei rjochts
Wrâlden dy’t no ljochtjierren
Utelkoar skowe
Klean fan finzenen
Fertikalen op lyts byld
Bûten bjirken wyt yn
Swarte Poalske grûn
Ik sjoch twa foar ien
Klau ûnder klotske
Op keale kop
Skermkebyld no
Plôkberch hier
Kamera each zoomt yn
Buskefoljend hier
Nei ferbjusterjende frissel
Yn swart wyt sels Arysk blûn
Foar fertrek mei leafde boarstele
En frissele…je moatte kreas op paad

Yn Birkenau folgje myn eagen
Skilich treinspoar
Nei de hoarizon
It is -10…glûpendkâlde eastewyn
Mar it is wis gjin kjeld dy’t ik fiel
Sa lang ik net stjerre sil
Libbene frissel giselet myn siel.… Lês fierder