Himke de Jong

De tiid hielet alle wûnen

logo.ensafh

 

Op it tsjerkhôf fan Tsjerkwert
seach ik in jonge widner,
hy stie te skriemen
oan it grêf fan syn frou.

De winter wie foarby,
it wie prachtich maaitiidswaar,
fûgeltsjes yn hege beammen
songen it heechste liet.

It grêf wie bedobbe
mei blommen en krânsen,
it gers deromhinne wie plattrape
en wiet fan triennen.

Ik rûn op de jongkeardel ta
en spriek de treastende wurden:
‘Kop op, jonge, oer in pear moanne
lakest derom!’… Lês fierder

Anne Feddema

The Rolling Stones op Montjuïc

logo.ensafh

 

Ut koele rêststân
MNAC, sjoch ik djip yn ’e
Romaanske mangeleagen
Fan ’e Pantokrator
Hearsker oer alles
(En dat is in soad)
Ien mei syn hilligen
Yn beplastere hielal
Hjir op Montjuïc
Oant in beierts leven
De Hel op ierde bringt
Ik hear drums
Ik hear gitaren
The Rolling Stones
Spylje fan ’e jûn op Montjuïc
As soundcheckbea
Rame no de roadies
Skuorren yn ’e ivichheid
Ik hoopje dat it aanst
Fûl reine sil
En dat de Rockrelikten
Elektrokutearre wurde
Dat soe nochris befrediging jaan
Dat se de berch ôfrôlje meie
Sa it wetter yn
Dat se harsels
De lêste mominten
As behoarlike stiennen
Gedrage sille
Mei skik en fatsoen
Swijend
Sinkend

Mar skande foar de see
Sâltich skomjend
De neitriljende tútlippen
Fan Mick J.… Lês fierder

Sigrid Kingma

Sicht op de klaai

logo.ensafh

 

it tuorke fan de tsjerke stekt troch de beammen
net dy tsjerke fan de mummys
net elke oare tsjerke dy’t sprekken lije mei
gewoan in tsjerke mei in steal beammen
der giet in paadsje hinne mar ik kin der net yn.
op ’e kleasterdyk is it útsjoch oer it klaailân fier
soe Piter Wilkens hjir oer sjonge?
ik dûbelklik op de wei en spring foarút
werhelje dat springen oant ik in krusing tsjinkom
Wiuwert wurdt oanjûn mar ik wurd bedondere
read-wyt-blauflachjes brekke it lanlik oansjoch
Sinteklaas stiet te spytgnyskjen yn de sinne
hy keart my, ik mei de buorren net yn
in linige draai nei rjochts lit my boatsjes sjen
och, der is wetter, mar dat mei gjin namme ha
ik skrol in stikje, de hûzen wurde lytser
it gers wurdt griener
der komme lytse letters boppe de greide te stean
je sille der mar wenje
ik skrol oant ik Mantgum sjoch
52 minuten rinnen seit de sidebar
ik bin út de rie en slút it finster
de navigaasje moat mar mei… Lês fierder