Abe de Vries

Hortus Sanctae Maria

logo.ensafh

 

I

Tusken ferdwûn Gerbranda en faai Ropta
leit it oait achtslein wûnder fan it mûntsjelân.
Bûtendyksters panderje yn roudoek om:
oranjebesnaffele silûetten yn ’e Kegen.

Jou no jo ear, by eartiids dit Getswerdersyl,
oan ’e waadwyn syn tryst preekjen
oer it Winaem fan Tsjits fan ’t Nijehûs,
it fergean fan mannich ding fan wearde –

sa hâlde wy it betinken en it leedomsizzen
yn eare. Foar loft en lân aloan ús gean
jûns let fan doar nei doar yn ’e bedelte,
tsjin kassen en gas- en sâltwinning,

en hoe nulleskerp stekt de bling-bling der
regionale ekonomy al ôf tsjin ’t ûnmachtich
ferset, dat mear strânljippen garje wolle soe
foar in militante gearsit oer it ôfjit.… Lês fierder

Rein de Lange

Wite thús

logo.ensafh

 

se skillet my, ik wachtsje
skril yn myn wite thús
smetteleas fonkelje de ruten
myn tún jit keal, fûgels
fleane boumateriaal byinoar

har blauwe eagen
gripe myn lea fêst
ik stjoer har hannen
kuolje myn tinzen

lit it momint ferrinne… Lês fierder

Janneke Spoelstra

Fuck you, Fanny!

logo.ensafh

 

Se sieten bij de tafel
en wa sei it
– heit, mem, Foekje sels? –
miskien ha se it allinne mar tocht:
DÊR WURDT NET MEAR OER PRATEN!

Mar lit mij, foar har,
iens en foar altyd dit sein ha:
FUCK YOU, FANNY!
Keninginne, koest it net ferneare
dat ien flugger
dat ien út Fryslân
dat sa’n fanke út Boerum dij…

FUCK YOU, JAN TOO!
Wie dat dyn idee, dy test?
Hast it net keard yn elk gefal.

Der waard net mear oer praten,
mar soms fleagen skûtels troch de loft…

Foekje, ús Foekje!
Do koest drave, fanke, drave!
En rêst no mar,
foar ús bisto dy Blankers foargoed foarbij!… Lês fierder

Anne Feddema

Moarns op ’e berch

logo.ensafh

 

Caspar David Friedrich - Wanderer über dem Nebelmeer

By it skilderij ‘Wanderer über dem Nebelmeer’ fan Caspar David Friedrich.
 

Godferblaut
Nearenachtlik
Berchgegûl
D’iere kuierder
Tinkt, tankt no
Foar ’t foar him
Ynderlik lizzend
Fiersicht nije sinne
Stien stipet stiltme
Stinnende treast
Flarden foar dyn
Each dizigens
Lûke op
Dêr leit it dan

Grut ferheven
Fielings do…
Dyn eigen
FlechtlingLês fierder

Edwin de Groot

Sa leit it derta

logo.ensafh

 

Blauskerp it stiel dat my snie,
my útbonke ta in mânsel djip.
Myn gerzich hier mei tin fel noch,
kreas oploege foar aanst wer it lid.

Lit dy opdrage yn my,
wês skielik yn dyn dea myn skepper en
ik skep dy.

Dyn lêste frijer bin’k,
ik stel gjin fragen.
Myn kante korpus dyn beskûl, mar

ienris dyn stien bemoaze,
koaiïch op ’e skonken en wy ien.
Dan sil it stiel wer snije, my in
nije leafde skeppe.… Lês fierder

Heidi

nijjiersmoarn

logo.ensafh

 

nofteren stoarjen
loai lemieren

neiskaai út
lûd leidich ljochtsjen
oan it feale fuottenein fan
in slim trochlein âldjier

hoeden krûpe iere oeren
oer in flier fan fjoerfossielen

yn ’e fierte klokken liede
witte better… harren boadskip
grif foar letter… Lês fierder

Edwin de Groot

Swije as in fisk

logo.ensafh

 

En de jonkfrou frege Parsifal:
Hasto de fisker-kening
frege wat him skeelt?

Parsifal: Nee, dat doarde ik net oan,
dus hâlde ik my mar stil.

Jonkfrou: Och, do ûnsillige.
Dat is no krekt syn flok, syn lot.
As dy iene, wichtige fraach
nea steld wurdt, sil hy nea genêze en
sil it him nea noch nimmer wer foar de wyn gean.

Der komt in protte goeds út goeie fragen, Parsifal!

Swije as in fisk

sa mar ynienen is it maatskepke
foar de kofje te grut foar ien
kin in pot HAK twa dagen lije en
duorret in literspak molke krekt wat te lang

soer

it foarbygean makket him
in fisker-kening
tsjin wil en tank syn ryk
allinne
 
 
 

 'Ik Skip' troch Edwin de Groot

Ein febrewaris 2008 is Edwin de Groot syn nije dichtbondel ‘Ik skip’ ferskynd by útjouwerij Bornmeer.Lês fierder