Yva Hokwerda

‘lit my in beam skriuwe’

logo.ensafh

 

lit my in beam skriuwe
myn hier fêstsette
yn syn woartels fan herthout

skonken teare om syn stam
tosken sette yn read blêd
lippen lizze om syn gnodze

ûnder bastglêdens
noch sapstreamen eanje,
om te priuwen in tûke easkje

en brekke

of

skaaf my de foarholle
ta ronfelhûd tsjin’e stúkwurkmuorren
yn ús keamer fan witten

wat net wêze kin:
ik

streakje myn sêfte hannen
oer de rûchte yn leske kalk
ta wreed fel

lit it hurdzje
yn yl
transplantearje dit… Lês fierder

Ate Grypstra

Ferskrêft

logo.ensafh

 

Ik lies it Liet fan Berga
En fearboat farde fuort
Oer weagen fan myn tinzen
Sa’n fers is mar raar guod

It kriten fan ’e kobben
Wjerlûde yn myn kop
Ik rûkt’ it sâlte wetter
Krych sin oan pikelsop

At ik no winterwaar skriuw
Krij’ jo dan krekt as my
Wer sin oan poeiermolke
Mei slachrjemme derby?… Lês fierder

Yva Hokwerda

Kriich fan nije wurden

logo.ensafh

 

(nimmen wit hoe hurd in famke sekjerinne koe yn 1965)

Krekt op skoalle en wat juffrou Sylstra sei
wie noch alle dagen nij en nuver. En stjerrende wier fansels
yn nije wurden. Juf fertelde fan in feest omdat it oarloch wie
en datst wask fan 20 jier ophingje mochst. Net om te droegjen,
mar om it hurdst. Soks hjitte kriich.
– Om te wierjen, sei it famke mei de finger heech.
Dat wurd koe juffer net.

Heit fytste har nei it lange, griene fjild oan ’e Ysbrechtumerdyk
dêr’t de nije huzen noch net stiene. Oare kant it
winkelbellepaad fan bakker Abma, doar nei
swietrook fan fanyljestaven.… Lês fierder

Jelle Zwart

Merke

logo.ensafh

 

Simmer en
bluisterich de wyn
waait romte.
Romte rûnom
switterich liif.
Waait it sicht oer de
buorden fan wyt bier,
op froulju.

Har foegen skarlúnsk.
En ’t weelderich
brún, heind yn ’t
blommich kleed,
swart ferve hier.

Watte? Do.
Ja, watte. Ho!

Brio, de brêge
farkelest mei
dyn pûn rikke iel
dy frij fan harren skel lûd.

It jûchhei fan
hoeratroela’s.
Old-timers opkommendewei.… Lês fierder

Rein de Lange

Wurden

logo.ensafh

 

ús keamer laket it ferline út
oeral karton, neat mear te plak

âld stof ûnder matrassen
ferskynt, sûnder warskôging

twirret in ballade fan ûnwissens
troch myn holle, de foto hâld

ús jit tegearre, byld fan gelok
is yn it neigean, dyn lippen sprekke
yn alle hoeken lizze hurde wurden… Lês fierder

Ate Grypstra

Ynkantaasje

logo.ensafh

 

it swurk hinget swier as fertriet oer it fjild
it ivige griis kringt hjir gûlend yn ’t grien
de blêdleaze beammen sy bidde yntins
mei útstrekte klauwen en smeke om kleur

druide wol ’k wêze, bedwelmje de wrâld
mar spreuken fan simmer dy noaskje my net
gjin magyske maitiid lit ’k los op dit lân
ik slach it mei sniejacht, beklaai it mei kjeld

o Noardlike Naasje, hear goed nei myn lûd
myn Fryslân befries wer, wurd Winterryk hjoed… Lês fierder

Elmar Kuiper

Dinges

logo.ensafh

 

Dinges seach my ynkringend oan. Ik bin har namme even kwyt, dêrom neam ik har dinges. Ik liet de eagen gean oer dinges har boarsten. Dat die ik fan needs. Ik koe der nammentlik net oer as dinges my langer as twa tellen oanseach. Der bleau neat fan my oer. Dinges rûkte út har mûle, dat fûn ik in minpuntsje. De pluspunten moast ik ‘wol aardich’ fine. Ik koe net oars as beneam it sa. In hegere kwalifikaasje soe in mislediging wêze foar it ierdske wêzen dat dinges by einsluten ek wie.
 

DE FERPLICHTING MOAT DERÔF

Lyk as alle oaren moat ik de tiid deadzje.… Lês fierder