Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – maart 2014

logo.ensafh

Poëzij

Ate Grypstra
As deldwarreljende jiske – Wâldsangen & Doarpsgedichten
Gemeente Achtkarspelen, maart 2014

grypstra

Dizze bondel befettet de 16 gedichten dy’t Ate Grypstra skreau as Wâlddichter fan en foar de gemeente Achtkarspelen de ôfrûne twa jier.

Proaza

Edgar Allan Poe – Anne Tjerk Popkema (oersetting)
De skacht en de slinger
Regaad, Grins maart 2014
ISBN 9790 8219 7006 (32 siden)
Ferkeappriis € 10,00 – boekpresintaasje 28 maaie 2014

poe

‘Ik wie ynein, deaynein fan ’e lange foltering en doe’t se my lang om let losmakken en ik sitten gean koe, fielde ik hoe’t ik de sinnen ferlear. It fûnis – it freesde deafûnis – wie it lêste dúdlik ûnderskiedbere dat ik noch hearre koe.’… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – febrewaris 2014

logo.ensafh

Nei de winter dy’t net rjocht trochset hat, doart de maitiid it oan om fêst te begjinnen. Griene bledsjes, wite snieklokjes, sjongende fûgeltsjes, se stekke foarsichtich har kopkes op en knipperje tsjin it sinneljocht. Yn de nije boeken fan ôfrûne moanne wize skriezen en staten en iepenloftspullen al foarút nei moai waar en lange dagen. De lingte fan de list docht lykwols tinken dat de de Fryske skriuwers en útjouwers har nochris omdraaie yn har wintersliep. En oars wurdt der faaks noch stind en bret op wat nijs – mar goed dat it wer aaisikerstiid is!

Poëzij

Reinier van Mourik – oerset troch Cees van Mourik
De pleats fan Politiek

mourik

Reinier van Mourik (Ferwert, 1961) is hikke en tein yn Fryslân, hat trochleard yn Grins en wennet en wurket yn Rotterdam.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – jannewaris 2014

logo.ensafh

Hoe liket it mei de goeie foarnimmens? Minder smoke en drinke, of krekt mear? Faker sporte, leaver wêze, net sa faak mear ‘krisis’ sizze, mear blommen yn ’e hûs helje, net sa fûterje op polityk en plysje? Wat jim foarnimmens ek wiene, de kâns is grut dat se fergetten binne no’t it febrewaris is. Dêrom stel ik út dat we elke moanne oare goeie foarnimmens betinke – dat hâldt de moed deryn, de motivaasje heech, en it soarget foar wat ôfwikseling!
It ienige goeie goeie foarnimmen is fansels; mear lêze! Dat slagget grif mei de nije Fryske boeken fan de ôfrûne tiid, en oars mei de âlden dy’t tsjintwurdich by de Digitale Bibliotheek der Nederlandse Letteren online te lêzen binne.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – okt-nov 2013

logo.ensafh

Sinteklaas hoegde dit jier net lang nei te tinken
Oer moaie kado’s om de Ensafh-lêzers te skinken.
In boek fansels, da’s altiten goed,
Wier Piterbaas, ha mar gjin noed!
Yn’t Frysk en oer Fryslân wurdt in hiel soad skreaun,
Foar elk is der wol wat, ’t is net oerdreaun;
Oer sport en oer iten, foar jong en foar âld,
Oer oarloch en leafde, en de foarbije wrâld,
Heldedichten of mearkes foar bern,
It hâldt echt net op, moatst mar ris sjen!
Sint winsket elkenien in soad lêswille ta,
En hopet dat jim oar jier noch mear nije boeken ha!

Poëzij

Harke Bremer & Jarich Hoekstra
Leffert – In heldedicht yn tolve sangen

Bornmeer, De Gordyk 2013
ISBN 97890 5615 3052 (144 siden)
Ferkeappriis € 15,00

leffert

Begjin 8ste ieu.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – septimber 2013

logo.ensafh

Nei in prachtige lêzerssimmer belooft it in hearlike lêzershjerst te wurden. Nei it lege tempo fan de smûke simmerdagen komt yn septimber it libben wer op gong en gûnzet en sûzet it fan de nije útjeften en aktiviteiten. De list mei nije farske boeken is wer lang, de list mei bjusterbaarlike barrens foar de kommende tiid docht dêr wier net foar ûnder. Nei it feest fan de UITmarkt kaam it feest fan de Kulturele Haadstêd 2018 ynearsten ta in hichtepunt, mar wy sette fuort troch mei it feest fan it Frysk Museum en it feest fan it Fryske Boek, letteroan folge troch it it grutte Ensafheest op 4 oktober, it feest fan Gysbert Japicx en it feest fan ’e Frankfurter Buchmesse.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – maaie 2013

logo.ensafh

 

 

 

Poëzij

Eppie Dam (gearstaller) – mei pintekeningen fan Lienke Boot
Oer de wjuk – Fryslâns moaiste fûgelpoëzij
Bornmeer, De Gordyk 2013
ISBN 97890 5615 2956
Ferkeappriis € 15,00

oerdewjuk

“Skries op ’e hikke ropt grito-griet.” Dy dichtrigel út it ‘Simmermoarn- sankje’ fan Waling Dykstra is by hast elkenien wol bekend. Fryslân is ryk oan fûgels en ryk oan dichters. It is dan ek gjin wûnder dat der in soad fûgels yn de Fryske poëzy omfleane. Dochs is Oer de wjuk it earste boek dat it moaiste fan al dy fûgelpoëzy byinoar bringt. Ut goed sânhûndert Fryske ‘fûgelfersen’ selektearre Eppie Dam de 159 moaiste gedichten.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – april 2013

logo.ensafh

Proaza

Hindriks, Elske

In kop as in almanak

Afûk, Ljouwert 2012

ISBN 97890 6273 9165

Ferkeappriis € 16,50

 inkopasinalmenak

‘Der is gjin oantinken fen ’e foarâlden;
en de kommende slachten dy’t wêze scille,
dêr scil ek gjin oantinken fen wêze by dyjingen
dy’t letter wêze scille.’ (Prediker 1:11)

Yn de jierren fyftich koenen skûtsjeskippers wier net mear fan de wyn libje. Se stapten op de wâl en sochten nije wegen. De ferhalen en de tradysjes bleaunen oan board fan de âlde skippen.
Yn In kop as in almenak besiket in dochter út in laach fan skippers de ferhalen fan har beide âlden nij libben yn te blazen.… Lês fierder