Nyk de Vries

Barbecue

logo.ensafh

Us relaasjegelok wie sa grut dat ik der nerveus fan waard. Al yn ‘e earste wike fan ‘e simmerfakânsje wist ik neat oars te betinken as it stikken te meitsjen. ‘Lit ik it dwaan foar’t de buorman it docht,’ mompele ik, wylst ik de karavan achterút de Mar fan Genève yn begûn te riden. Mar myn freondinne learde my al wat kennen. Se hie it oankommen sjoen. Se hie maatregels naam – touwen spand en linen lein om it ding op syn plak te hâlden. Se hie de eangst fan har freon om samar te sizzen ynbûn, en dy jûns wienen we al wer lekker oan it barbecueën.… Lês fierder

Piter Boersma

It begjin fan alles

logo.ensafh

‘Wat dochst?’ sei ik.
Ik hearde it mysels sizzen.
Ik hearde my sûnt in pear jier alles sizzen wat ik sei.
En der wie noch wat. Alles wat ik sei, hie ik al ris heard.
By wat ik no sei, hearde ik ús buorjonkje fan trije achter de hage wei nei myn frou en my roppen: ‘Wat dogge jimme?’
Ik fûn dat moai, ik wie gewoan in minske as alle oaren.
‘Seagje,’ sei de man.
‘Dat sjoch ik.’
‘No dan.’
‘Hâld der even mei op,’ sei ik.
De man seach my oan.
‘Ik bin der no,’ sei ik.
De man hie blauwe eagen, in snor, in puntburdsje en lang hier.… Lês fierder

Aggie van der Meer

Op ’e brêge

logo.ensafh

Hy stie der alle sneinen: Jan Sikma. Op ‘e brêge. Sjekje op ‘e ûnderlippe, fiskangel yn ’e hân. Praterich wie er net, hy wie mear ien fan stadich libjen.

Kaam it troch it fiskjen of fiske er omdat er sa stadich wie?

Hy soe it net witte. Wetter hat dy gau yn ‘e greep. Wetter mei alles wat der yn huzet. En dat is hiel wat mear as je earst tinke. Wetter kin je bot ferrifelje. Der binne dagen, wat wynderich waar, net kâld, gjin fisk dy’t bite wol, dan dreamt er samar in ein fuort. Hy giet op himsels ôf.… Lês fierder

Nyk de Vries

Moeras

logo.ensafh

Us streek wie sompich en foar safier’t ik wist siet gjinien dêr te wachtsjen op krêftich liederskip. It tierde by ús prima sûnder fisy. Wy hienen in dúdlike foarkar foar in swak bestjoer, gewoanwei om’t we gjin inkele baat hienen by lju dy’t de saak yn in goeie rjochting stjoere soenen – it soe de ferhâldings allinnich mar fersteure. Dêrom seach ik sûnder eangst de ferkiezings temjitte. Moarns dronk ik in glês bier en tsjin fiven stimde ik mei in protte wille op in klown dy’t it lân fierder it moeras yn helpe soe. It is dêr’t we bedije.… Lês fierder

Anne Feddema

Wraaknimming

logo.ensafh

It is heechsimmer, noch ier en betiid op ’e dei. It is stil en fredich yn it tsjuster, skaadzjend djipgriene wâld. Je hearre de natoer lústerjen. Sa no en dan kinne je, it tusken de beamstammen wjerkeatsende, justjes holle, tikjen, fan in net wurch te krijen spjocht hearre. Dizigens wykt stadichoan foar de earste sinnestrielen, dy’t , sa liket it alteast, mei niget en wille, besykje om ’e lêste bytsjes fan ’e nacht wei te krijen. De beammen steane der ûnoantaastber by, heech, swartgrien, ek sy wurde, in bytsje stiif noch, súntsjes wekker en lykje gapsk te kreakjen. Lange rigen reade boskeamelders binne drok dwaande mei it ferfieren fan allerhanne saken en guod dat de koloanje goed brûke kin.… Lês fierder

Fedde Feikema

Tink om ’e hûn

logo.ensafh

Ien fan de oare kursisten hat in hûn.
O, der sille grif mear wêze dy’t in hûn hawwe.
Der binne yn dit lân hast noch mear hûnen as minsken.
Mar de hûn dêr’t ik jimme oer fertelle wol is in spesjaal gefal.
It is in herdershûn. Nee, net sa’n ien dy’t efter de skiep oan sit en gjint fan it soarte ‘Kommissaris Rex’, mar in Hollânske herder.
It bist harket nei de namme Nora.
No ja, harket is miskien wol wat tefolle sein, mar sa is it wol bedoeld.
Dy hûn hat in libben as in lús op in mear as seare holle.… Lês fierder

Anne Feddema

Befrijing

logo.ensafh

De frou lei mei de eagen wiid iepen en folslein oanklaaid op har bêd yn ’e healtsjustere sliepkeamer. Op in tafel stie in iepensteande koffer mei ferheistere kleanguod deromhinne en derop smiten. Yn ’e fierte klonk it dreunen fan artillery, it front kaam stadich tichterby. It wie oarloch, dea en ferneatiging sochten har skynber sûnder muoite op ’e nij in wei yn ’e wrâld. Moarnier soenen se har ophelje, se gong nei famylje oan ’e kust, fier fan alle oarlochshannelings ôf. De lêste dei thús hie lykwols prachtich west. De sinne skynde fan ier oant let en de roazen bloeiden, al in pear dagen.… Lês fierder