‘Bisto troud?’ freegje ik. Tsjin my oer sit in jongkeardel fan krekt yn de tweintich, as ik him sa skat. Hy roeit my oer de Ganges. It is seis oere moarns en ik bin op wei nei de ghats fan Varanasi oftewol Benares, de kilometerslange kades dêr’t Hindu Yndia alle moarnen it wetter yn stapt op wei nei de ferlossing. Bygelyks om net as in kikkert werom te kommen op dizze ierde, mar as it efkes kin ien kaste heger of sa. Wat de mannen oanbelanget, leafst net as frou. De Ganges, de smoarchste rivier fan de wrâld. Alle sykten dy’t je betinke kinne sitte fleurich yn it Ganges Hindu pakket.… Lês fierder