Els stiet mei de fuotten yn it wetter. De wyn is kâld, it wetter noch kâlder, mar de sinne is al waarm. It rimpelige oerflak fan de mar skitteret, it wetter klokt sêft by de wâlskant op.
Se fielt dat der in spanning yn de loft hinget. Is it de wyn dy’t it meibringt, binne it de fûgels dy’t deroer sjonge, is it de fochtige ierde dy’t it har ynflústeret? Se wit it net, mar se fielt it oan alles.
It lytse sânstrantsje is leech, it boarterstúntsje in eintsje fierder op ferlitten. Noch wol.
Oer in pear moanne, dan sil it hjir wer drok wêze.… Lês fierder