Klaas de Groot wie klear mei it ynfieren fan nije data foar it wurkleazeprojekt fan ’e gemeente, dat er tegearre mei Tiny Schaap, strange bril en knotsje, opsetten hie. Hy speake him ris noflik út, syn lang ljocht krôljend hier hong oer de rêch fan ’e burostoel hinne. In soad tiid om by te kommen krige er spitigernôch net. It byldskerm knippere: der wie in oertrêding konstatearre op ’e Asingapôle, by de famylje Kaastra. It soe ek net sa wêze, dat wiene streekrjochte aso’s. Klaas beseach noch efkes koart it dossier fan de famylje, it wie benammen Berend Kaastra dy’t geregeld foar problemen soarge hie.… Lês fierder