
Poëzij
lekkers a/d lek

’t is skipperjen yn de massa
amper leit it pontsje stil
breedút simmeret de rivier
laden mei wolfeart en wille
hast it net op wetter stean
lekken en brekken spatte op
sjochst wyt skomjende koppen
‘wilt u iets drinken, meneer’
fytssteltsjes bestowe it swiet
fan de readrôze pipowein oan ’t wetter
ferlokkingen waaie frij yn de wyn
even flitst it swartwyt fan de bernetiid
griis de golf fan ôfwaaide praatsjes
grutte gatten strak yn de spikerbroek
sjochst skûljend achter de sinnebril
moaie skonken mei it blêd fol lekkers
taffeltsjes krije in wiete feech
‘dag vogels dag bloemen dag…’
foar de hûn gjin ‘lekkers a/d lek’
inkeld wetter om ‘e tosken

Foto: Harm Woelinga
moarn en dan

kâld beharket in lytse wrâld
it ûnberoaide gesnúf
en de soallen fan dyn skuon
gakjende guozzen
oanfiterjende fuotbalfanaten
lûd dat de mist yn giet
doe en dêr hjir en no
amper sicht op in paad
hjoed moarn en dan
koade oranje hâldt oan
nepnijs sloppe hap en opsnijerij
om jild macht en mear
lûk it dizegerdyn iepen
flústeret fan binnen net in stim
sêfte krêften sille winne… Lês fierder
Byld 1
Andalusysk Wûnder


Foto Anne Feddema
Alle dagen wer:
Ferrifeljende ferrizenis
Trochrinnende foarstelling
Heil Jo ferhearde Heare
Yn tsjerke fan Antequera
Dêr’t it deade hout
Altyd grien west hat
Beam fol frucht
Rook fan sitrus
Ut krús
Ropt messiaansk
Gefoelen op ek
Al leau ik net
Bring my in
Blinenien
Ik sil sjen
Oft ik eat
Foar him of har
Betsjutte kin
En Nij Testamintysk
Op ’e eagen spuie
Hè toe ju dichter
Falske ferlosser
Dy’t amper weet hat
Fan dea en libben
Gau nei bûten
Yn Andalusysk ljocht
Sjoch tsjusternis yn
Dyn eigen bestean
Gean der mar op út
Bring de minske
Fleurich roubeklach.… Lês fierder
Maitiid

en de jûn komt mei syn gleone
pauwe-each ûnder in sombrearo
fan wolkens wei, de tiid stiet stil
by it fonkjen yn ’e ruten set ik
it oerwurk lyk, leaver ferdwûn ik
it easten yn, de stap nei moarnier
wei by it gelyk fan de honkfêsten,
de tydlike kick en it keapmansgelok,
fannacht is it oars, sjocht it rút
my mei memento mori oan, hee
do! bromtopskul, hazzerinnersglês,
dyn âlde knoffelbonke, is er ree?… Lês fierder


