Daam de Vries

Friezen fan profesje

logo.ensafh

Fryslân, it bêste lân fan d’ierde. Mei rjocht en reden neame wy dat sa, want wat der yn it bûtenlân allegear wol net bard is net bêst.

Nim no sa’n Berlusconi. In man mei in wat diktatoariale ynslach en in ympearium dêr’t jo it benaud fan krije. Of ien as Strauss-Kahn dy’t net foar ien gat te fangen is. Dat binne de bekendere foarbylden. Is it frjemd dat ynwenners fan sokke lannen it gedrach fan harren ljochtsjende foarbylden begjinne te kopiearjen? By it korrupte om’t ôf?

Immen gerive om wat klear te krijen en yn de posysje wêze dêrfoar immen oars dy’t troch in bloedbân oan de te geriven persoan ferbûn is in baan taskikke.… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

Sport / Fuotbalje

logo.ensafh

Ik bin gjin sportman.
Justermiddei, de tillefoan giet, Anneke nimt op. Frank, oft ik meiwol nei It Hearrenfean. Spilet tsjin NAC. Ik skodzje ferheftich fan nee, nee! Ik sjoch my al tussen dy skreauwende massa’s sitten. Sneu foar Frank, want hy hie in kaartsje oer. Mar ik haw hielendal neat op mei fuotbal, eins hielendal net mei sport, net om sels oan mei te dwaan, net om nei te sjen.

Nim no dy reedriderij. Rûntsjes ride, altyd linksom, dy lju moate it mei de eagen ticht dwaan kinne. Se trene der jierren op en dan binne se allinne mar goed om sa en safolle baantsjes, net mear en net minder, linksom te riden.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Brún, blank en swart

logo.ensafh

Ik haw grutte bewûndering foar Eeltsje Hettinga. Hoe no? Ik sil it besykje út te lizzen.
Okkerdeis ferskynde by de lytse útjouwerij Perio in pamflet fan Hettinga syn hân, mei as titel De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018. Yn dat pamflet wurde sawol it rapport Fan de minsken en de grûn as de notysje Nocht oan de takomst fan kritysk kommentaar foarsjoen.

Ik fyn it in moai, striidber wurd, ‘pamflet’, de Wikipedia seit dit der fan: ‘In pamflet, ek wol manifest neamd, is in geskrift, trochgeans yn printe foarm, mei in aktuele ynhâld of strekking.’ It hat ek wat âlderwetsk, ommers, hoefolle pamfletten sjogge jo hjoed de dei noch?… Lês fierder

Oene Spoelstra

Der wie ris in heit

logo.ensafh

Der wie ris in heit en dy heit hie twa soannen. Flinke knapen wiene it fan om ’e tweintich hinne. De heit wie wiis mei harren, fral mei de âldste. De jongste folle minder. Dy siet in protte thús, wurke by de boer en hie fierste lang hier. De âldste, dêr wie de heit wiis mei. Dy jonge wie in keardel mei in rêch dêr koest dy achter ferskûlje. De spierballen fan dy jonge koe de heit de eagen net fan ôfhâlde. Dêr koe er eartiids allinne mar fan dreame, fan sokke hompen krêft. Dy jonge like op him. Dat hy waard marinier.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

De rots (in mearke)

logo.ensafh

De rots, in mearke.

Der wie ris in rots, en de rots hie syn nocht. Faaks sille jim tinke, wat in ûnsin, in rots is him ommers net bewust fan himsels? No, yn it foarste plak: dit is in mearke en dêr hearskje oare wetten, en fierders wie it gewoan sa: de rots hie syn nocht.

De rots bestie al fier foar’t de earste dieren en planten op it toaniel kamen en de minske wie ek noch lang net útfûn. Hy makke ûnderdiel út fan in grutte formaasje by wat doe de kust fan Bragitië wie. Hy hong, tegearre mei syn bruorren, heal oer it wetter fan de oseaan hinne.… Lês fierder

Jelma Knol

Achte hear Anne Hettinga

logo.ensafh

Tanksij dy fijne Arriva-yn-en-úttsjekpealtsjes is myn OV-chip-foardieloerekaart nei de barebysjes. En ik haw djip begrutsjen mei jo personiel krigen. Wat dy minsken allegear wol net útstean moatte. De winteroerlêst, yn- en úttsjekpeallen dy’t sy net makke, mar jo wol besteld hawwe: allegear saken dêr’t se gjin inkelde ynfloed op hawwe, mar dy’t der wol foar soargje dat it segryn fan it hiele folk op jo personiel ôfreagearre wurdt.
Ik sei noch tsjin dy echt aardige kondukteur of kontroleur dy’t my fanwege myn earlike blauwe eagen gjin boete joech: ‘It liket hjir wol Kafka yn de trein.’
Dat is dan ek it iennichste literêre wurd dat yn dit stikje falt.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Idols foar keunstners?/Idols-keunst

logo.ensafh

Ik ha in pear rare trekjes as it om tillevyzje giet. Sa bin ik bygelyks hielendal gek fan The Voice of Holland. Earder eefkes fan Idols en The X-Factor, mar dat wie gau oer. Foaral Idols. Dêr hie ik al hiel gau myn nocht fan. Nederlânske ‘talinten’, waarden troch in ‘fakkundige’ sjuery ûnder lieding fan Henk Jan Smits oant op ’e boaiem ôfbrutsen. Ik bin net de iennige dy’t Idols ta Persona Non Grata ferklearre. De sjochsifers binne tsjintwurdich noch mar in fraksje fan wat se west hawwe. Idols is út, dat is dúdlik. Net omdat ik der genôch fan hie, mar omdat tegearre mei my in hiele protte minsken yn ’e smizen hie dat it programma net doocht.… Lês fierder