Cornelis van der Wal

Brún Bloed (08, slot)

logo.ensafh

Haadstik Acht (slot): Das Heidenloch

Wagner fansels, sa tocht Rinzema, de Führer syn favorite komponist; om him hinne hearde er lykwols de namme fan iene Bruckner flústerjen, dat soe dan tink ek in ferneamd komponist wêze. De muzyk boaze oan, in katedraal fan koperklanken waard opboud, mei dêrûnder, nee, dêr omhinne wuolle dizenige slierten fan fioelen. Sybe hie der net sa folle doel oer, se wiene thús op de pleats net mei de hegere kultuer grutbrocht, mar hy rekke folslein betsjoend troch de monumintale komposysje.

Wylst it orkest trochspile wiene yn ’e midden fan it heakkekrús, it each sis mar, in stikmannich soldaten dwaande mei it opbouwen fan wat wol in soarte fan koai like.… Lês fierder

Anne Feddema

Earste snie

logo.ensafh

Kommissaris Emil Appelquist rûn yn ’e dizenige hjerstbosk. It wie midden novimber en it soe him net ferbaze as meikoarten de earste snie falle soe. Fan alle kanten kaam it skrassen fan grouwe swarte roeken, dy’t op ’e al folslein keale tûken sieten, op him ta. Appelquist hie lêst fan syn teannen om’t er learzens oan hie dy’t him eins ien of twa maten te lyts wienen.
It byld fan it lytse fanke mei har reade learskes en giele reinjaske koe er net maklik fan it netflues krije. Se hie der fredich by lein op in soart bêdsje mei blêdsjes oer har hinne, as hie de dieder har gewoan bestoppe foar it sliepen gean.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Afrika, Beethoven, Bolero, Händel / Swarte muzyk

logo.ensafh

Ik ha deis sa myn fêste programma. Om acht oere hinne út bed, twa grutte bakken kofje, de Folkskrante lêze, ûnder de dûs. Om tolve oere hinne in stikje bôle mei tsiis en in gleske molke. Willem soarget dêrfoar. Bytiden wol ik gjin tsiis mar in aaike. Sêft. As ik út ’e bân spring in tosty. Middeis is it tiid foar it echte wurk. Dan moat ik oan ’e gong mei de boekhâlding fan ús soan Marten, ik wit net wat foar oare putten foar him en neitinke oer wat ik no wer skriuwe sil. Tsjin fjouwer oere is it tiid foar myn deistige programma op tillevyzje: ‘Wie is de chef?’  … Lês fierder

Cornelis van der Wal

Brún Bloed (06)

logo.ensafh

Haadstik seis: Ferskining of Dream

Sybe hie wol mei de auto by de Heiligenberg opkinnen, mar woe leaver, om efkes allinnich te wêzen, by de Schlangenweg, in smel, bochtich rotspaad omheech. It wie njoggen oere jûns en al hielendal tsjuster. By elke bocht wiene lykwols sêft knetterjende fakkels oan de muorre befêstige, alsa waard in romantyske, midsieuske sfear oproppen dy’t him tige oanspruts.

Hy rekke wat efter de pûst, it wie steiler as dat er ferwachte hie. Sawat healwei de klim joech er him efkes del op in yn de rots úthakke bankje. It feeërike útsicht op de blaugriene Neckar en de âlde stêd benaam him sawat de siken, en oan de oare kant fan de rivier ferrizen driigjend de swarte ruïnes fan it yn in fier ferline foar in part fernielde  kastiel.… Lês fierder

Jelma Knol

Earbetoan oan Montserrat Figueras

logo.ensafh

Wat my hieltyd faker oerkomt nei gelang’t ik âlder wurd: ik tink oan in man of frou, praat oer him of har en in wike of wat letter stiet ynienen yn de krante dat hy of sy ferstoarn is. Ferline wike oerkaam my dat mei Montserrat Figueras, de grutte Spaanske sjongeres fan de âlde muzyk, frou fan Jordi Savall.
Sybe Krol makke my oait hiel nijsgjirrich nei de midsieuske en renessânse muzyk fan Spanje. Hy hie in kollekje lp’s mei oargelmuzyk út dy tiid. Ik wie driftich op ’e siik nei in frouljusstim. Ik hie nammentlik in fragmint fan in film sjoen oer de Spaanske Ynkwisysje.… Lês fierder

André Looijenga

Frýsk Frysk

logo.ensafh

It wie in klomske middei yn ’e Broeretsjerke. Simson (Albert Bonnema) joech him del op ’e skerte fan Delila (Anitra Jellema), dy’t him fluensk troch de hierren striek. Treflik artikulearjend spriek hja him ta: ‘Hast toarst? dyn mûle is droech fan alle praat, / ik helje in koele tooch dy út ’e saad, / en dan te rêst – dû bist der sa oan ta – / strak sil ús leafde in nije heechtiid ha.’

Fedde Schurer syn Simson wurke op toaniel! It bibelsk drama, it opera-eftige (méi tanksij stikjes Saint-Saëns), de statyske ûnbidigens, de hege taal… it wurke allegearre, en wurke boppedat yn it Frysk.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Brún Bloed (05)

logo.ensafh

Haadstik fiif: Merde! Morte!

It wie lykwols gjin kreas frommeske dat him frege oft er noch wat ite of drinke woe, mar Marcel Jouhandeau, hjoed-de-dei noch it meast bekend fan syn deiboeken, dy’t ûnfersteanbere, grânzgjende kiellûden útstjitte, Sybe by it mul beetkrige en him op it smelle bêd triuwe woe. Sûnder nei te tinken griep Rinzema daliks yn, draaide it kreunende keardeltsje de earm op ‘e rêch, sistere him‘Merde! Morte!’ yn it ear en treau him net al te sêftsinnich de gong op. Triljend fan lilkens klapte er de doar ticht en draaide him op slot. Yn hokfoar selskip wie er yn ‘e goedichheid bedarre?… Lês fierder