Anneke van Renssen, Willem Winters

Frysk, Frij en Frânsk / Babel

logo.ensafh

Frysk, Frij en Frânsk

Dat wie noch ris in aardich mailtsje fan de redaksje fan de Ensafh: ik bin befoardere. Wie ik earst sa no en dan te gast, no bin ik neffens Cornelis en it kolofon fêste meiwurker. En no moat ik, al is it mar foar myn eigen gefoel, om de wike in kollum skriuwe. Dat muoit my net. Dêr spoeket my altyd safolle troch de holle dat alle wiken sûnder problemen ek wol kinne soe. Mar der is wol wat oars: myn Frysk is net sa bêst. De yn’s en in’s wolle net altyd goed te plak stean, dûnsje alle kanten út, de ch’s en g’s doge ek net.… Lês fierder

Rommert Tjeerdsma

Deutschfreundlich

logo.ensafh

It wie sa hjit as brij yn it stedsje by de rivier. Elske en ik hienen even ús nocht fan it omdangeljen en hienen nei lang sykjen foar in Konditorei in plakje ûnder in parasol fûn.
Toeristen yn alle soarten en maten flanteren deun foar ús lâns, manlju mei bleate skonken dy’t hierrich út fierste lange koarte broeken stutsen, froulju mei skommeljende efterwurken en  amper bedutsen boezems, dy’t meidûnsen yn it ritme fan it flanearjen.
‘Dêr soe ’k wol krekt eefkes mei dy sjen wolle,’ sei Elske, doe’t wy troch de appeltaart hinne wienen en it kantsje kofje ek leech wie.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Wilhelmina wint / Lêze en de dea

logo.ensafh

Wilhelmina wint

At wy fuort sille mei de kemper dan haw ik de soarch foar boeken ûnderweis. Ik rekkenje altyd ien boek deis, dik en tin trochinoar.
Wy soene trije wiken fuort, dus moast ik 21 boeken sammelje. In part bestiet út nije, krekt ferskynde boeken, in part ús ûnbekende skriuwers. Fierder moat it net allegear swier spul wêze. In Mc Bain of Slaughter moat der ek by.
Ik lês net alles wat mei is. At in boek my net de earsre siden befalt dan smyt ik it yn ’e kast. Anneke is dêr oars yn. Dy lêst troch.

It earste slachtoffer wie ‘Haar naam was Sarah’ fan Tatjana de Rosnay oer de Joadeferfolging yn Frankryk.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Brún Bloed (04)

logo.ensafh

Haadstik Fjouwer: Driigjend Deiboek

Herr dr. Rynsema bitte melden beim Haupteingang.’ En noch twa kear klonk itselde boadskip mei de ferkeard útsprutsen efternamme troch de lûdsprekkers. Sjoch ris oan, op it oantsjutte plak stie in spjochtich mantsje mei in boerd mei Sybe syn namme dêrop, dat er omheechhâlde en hinne en wer swaaide. Twa tige hoflike soldaten namen de swiere bagaazje fan him oer en hy waard mei in grutte swarte Mercedes nei it steatlike Balthushotel brocht. Yn syn romme, lúksueuze keamer oankommen joech er him del op it grutte twapersoans bêd en foel al rillegau yn in djippe sliep.… Lês fierder

Jelma Knol

Fyftjin jier freonskip

logo.ensafh

Fan ’t simmer wie ik op reis mei in boek: Helse liefde fan Frédéric Bastet, in biografysk essee oer de ferhâldingen tusken fjouwer bysûndere minsken, de skriuwsters George Sand (pseudonym fan Aurore Dupin), Marie d’Agoult, en de komponisten Chopin en Liszt. It brocht my nei de my ûnbekende kriten fan de Berry, in plattelânsgebiet yn Frankryk, krekt boppe de Haut-Limousin.
Flakby it rivierke Creuse sieten wy yn in nochal tsjustere gîte, ûnderdiel fan in pleats dy’t der nei alle gedachten yn George Sand har tiid al stie. Acht kilometer fierderop hie de skriuwster in twadde wentsje yn it doarp Gargilesse en noch fyftich kilometer fierder stie har lânhûs yn Nohant.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Durk van der Ploeg en oare Friezen/Snoekebek

logo.ensafh

Durk van der Ploeg en oare Friezen

Wy wiene op fakânsje en myn kompjûter wie ûnderweis in bytsje dwers, sadwaande mailde Cornelis: ‘Om’t jim kollums wat let ynkamen (troch de fakânsje, wy begripe it) wolle wy se earst oer trije wike pleatse, oars bliuwe se mar in wike op de foarside stean, dat soe skande wêze. Oare wike freed komt der in special oer Durk van der Ploeg online, mei allinnich mar bydragen n.o.f. de Gysbert-winner. Soene jim, of ien fan jim, ek in Durk-kollum skriuwe kinne? Fansels binne jim frij hoe dat oan te pakken, as it mar wat mei Van der Ploeg te krijen hat.’… Lês fierder