Tryntsje van der Steege

Foar De winter komt de hjerst

logo.ensafh

Op in hjerstige jûn mei gûlende wyn om it hûs en rein tsjin de ruten lies ik De winter komt fan Durk van der Ploeg. Hoe smûk it op de bank ek wie mei de kachel oan en kearskes om my hinne, ik krige it der kâld fan. It ferhaal fan Brand en Baefke en harren âld fabryk kinne je eins allinnich mar yn de hjerst lêze, it seizoen fan teloargong, ferfal, ferlies. Hoewol, ek al hie it gjin hjerst west by it lêzen, it biedwurd fan T.S. Eliot oan it begjin ropt dizze assosjaasjes ek prachtich op: “In my beginning is my end.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Om de lea getten

logo.ensafh

Wat in protte froulju hawwe mei har kleankast, datselde haw ik mei myn boekekast. Der stiet mear yn as goed foar my is en ik stean der withoefaak foar en haw gjin flau benul wat ik der út pakke sil. Yn stee fan ‘sa folle om oan te dwaan, mar neat dat past’, ha ik faak lest fan ‘sa folle om te lêzen, mar neat dat past’…
Krekt as klean moat in boek passe. De outfit dy’t my omklaait foar de dei moat goed fiele en noflik sitte; in boek dêr’t ik mysels yn ûnderdompelje – faaks langer as in dei – moat oan deselde kritearia foldwaan en strike mei myn moedstastân.… Lês fierder

Anne Feddema

Net foar elkenien

logo.ensafh

De trije hearen yn trijedielige pakken, sieten mei strange gesichten efter in grutte, strak foarmjûne tafel. Se wienen lykwols net werklik strang mar foar de gelegenheid hienen se allegearre it antlit yn’e selde beferzen blik setten, as hiene se fan te foaren oerlis hân en mei elkoar ôfpraat, dat dit no ien kear de meast geskikte oanpak fan dizze saak wie. It gehiel seach der ek wol wat út as in sêne fan in toanielstik en dat gefoel waard noch fersterke trochdat de mannen op in ferheging sieten, in poadium, fan it soarte sa’t je dat noch wol tsjinkomme kinne yn doarpshuzen.… Lês fierder

Skermer

Sjoch!

logo.ensafh

Yn it boek Nietzsche, een biografie van zijn denken, fan Rüdiger Safranski lês ik dit: ‘Myte en mytologisearjen is in byldyntinsive sinjouwing fan wat oars sinleas is. Wat de mytefoarmjende potinsje fan it bewustwêzen hieltyd op ’e nij útdaget, is de ûnferskillichheid fan de wrâld.’

Mar is de wrâld wol ûnferskillich? Is it miskien sa, dat de mins foar de wrâld de ûnferskillige is. Is de mins net gewoan allinne mar ynteresearre yn himsels, hat er net gewoan allinne mar mei himsels te dwaan? Soe it net sa wêze, dat it probleem is dat de mins himsels net iepenstelle kin, sa’t de wrâld dat ek net kin.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Brún Bloed (03)

logo.ensafh

Haadstik Trije: Hart wie Kruppstahl

Neigeraden de trein yn súdliker oarden bedarre, beluts de loft en efkes letter wiske in frisse bui it stof fan de rútsjes. Sybe Rinzema wie, wat reizgjen oanbelanget, nea fierder kaam as Antwerpen. Dat studintereiske like him doe yn it earstoan wol in noflik útstapke ta, mar al nei trije dagen rekke er sa ûnwennich as in kat en de knibbels waarden him weak doe’t er in wike letter de Fryske greiden, de fredich weidzjende kij, de dravende swarte happen en fôlen en it troch fleurich, sêft weevjend beamtegrien omfiemme âlderserf weromseach – nea woe er wer út it Heitelân wei.… Lês fierder

André Looijenga

Fan op in kreake

logo.ensafh

Galerijen en balkontsjes mei ik wol lije. Dêrfan delsjen op wat ûnder bart, is krekt as op in barokke plafonskildering mei om ’e hanneling hinne herntsjes mei taskôgers. Minskjes sjogge nei de midden, wize op wat aparts, jouwe fansiden kommentaar op it hiele teater.

Allyksa fielde ik my okkerwyks op it Boekefeest, doe’t ik de omgong mar ris opsocht foar in better sjoch op it toaniel. Op ’e kreake hiene boekelêzers, en guon skriuwers ek, har drapearre op stuollen en de houten sitsjes oan it stek. De keunst fan it taskôgjen, it fansiden wat praten as potlead-oantekens yn in marzje. Ek ik joech my del, op in kessentsje rjocht boppe it poadium.… Lês fierder