Nyk de Vries

Motorman & 39 oare proazagedichten | 1

logo.ensafh

1. BELGIE

Mei in protte bravoer ferliet ik famylje en kunde om it hielendal te meitsjen yn België, tegearre mei myn leave Wendelien. Dat foel earlik sein wat ôf en fluch ferlear ús leafde al har glâns. Op it lêst kamen we telâne op in kartonfabryk dêr’t ús sjef it dúdlik foarsjoen hie op myn Wendelien. Ik wie net mear mysels dêr yn België en ûnder it skoftsjen sloech ik him bonkehurd mei in gripe op ’e rêch. Sommige kollega’s kamen letter nei my ta en seinen: ‘Dy gripe hie dêr ek hielendal net stean mocht.’

(Foarpublikaasje 1 fan 3, út de bondel dy’t útkomme sil op 26 augustus 2007 op de Dag van de Uitmarkt, yn Paradiso, Amsterdam.)Lês fierder

Koosje Melis

Freon

logo.ensafh

De stêd gûnze sa’t allinne grutte stêden dat dogge, in mûnster dat ek yn ’e sliep noch grommeljend sykhellet. Yn sa’n stêd jouwe minsken neat om it miljeu. Sterker noch, se laitsje derom. Bûsdoekjes, tissues, plestik: jo goaie it op strjitte, ek al stiet der trije meter fierderop in jiske-amer. Dêr rêdt in oar him mar mei, ik ha it drok drok, sizze de gesichten fan de minsken dy’t hastich har paad sykje troch it labyrint fan strjitten en auto’s en metrostatjons. Yn sokke stêden wenje minsken yn har auto’s. Ek al is it trije oere nachts, as in grutte trein ride se, dan wer traach, dan wer it gas djip yntraapjend, grutte gaswolken útblazend.… Lês fierder

Nyk de Vries

Motorman & 39 oare proazagedichten | 2

logo.ensafh

2. SEEMANSKERTIER

Hieltyd wer siet ik mei dy rothierren yn ‘e noas. Op it lêst besocht ik se mei in fjoeroanstekker út te baarnen, mar it mislearre. Ik krige in abses en foar’t ik it wist rûn ik om mei in grutte fettige smetlape yn ’t gesicht. Op ‘e sneup nei wat ôflieding makke ik op in jûn in rûngong troch it seemanskertier. Yn in kafee makke ik in praatsje mei in blondine en it die bliken dat se model wie. Sy dronk mei in reidsje fan har Martini en redenearre mar troch oer de bibel. ‘Dy stiennen tafels,’ sei se, ‘dat wie eins net iens sa dom besjoen.’… Lês fierder

Nyk de Vries

Motorman & 39 oare proazagedichten | 2

logo.ensafh

2. SEEMANSKERTIER

Hieltyd wer siet ik mei dy rothierren yn ‘e noas. Op it lêst besocht ik se mei in fjoeroanstekker út te baarnen, mar it mislearre. Ik krige in abses en foar’t ik it wist rûn ik om mei in grutte fettige smetlape yn ’t gesicht. Op ‘e sneup nei wat ôflieding makke ik op in jûn in rûngong troch it seemanskertier. Yn in kafee makke ik in praatsje mei in blondine en it die bliken dat se model wie. Sy dronk mei in reidsje fan har Martini en redenearre mar troch oer de bibel. ‘Dy stiennen tafels,’ sei se, ‘dat wie eins net iens sa dom besjoen.’… Lês fierder

Wobbe Atsma

Gehakdei

logo.ensafh

‘Jawis fanke, fansels ha ik de hiele jûn derfoar sitten te hingjen. At der fuotbaljen op ’e buis is dan kin myn frou har wol ôfjaan. Mar dat docht se net, want der sil my dochs ien it pilske oanjaan moatte. Oars set ik it krat njonken de bank en dat giet har te mâl.’

Hotse stiet mei de hannen swaaiend wiidweidich ferslach te dwaan fan de húslike argewaasjes. Mei de lytse hat er krekt de âldste nei de basis brocht. It is syn dei om op it spul te passen. It mantsje fan krekt trije, mei in bongeltsje ûnder de noas, drintelet om syn heit hinne.… Lês fierder

Jetske Bilker

Harry Potter en de stien fan de wizen

logo.ensafh

In priuwke út de Fryske oersetting fan it earste diel yn de Harry Potter-rige.

As der in brief brocht wurdt foar de ûngelokkige Harry Potter, komt er achter in tsien jier âld geheim. Syn âlden wienen tsjoenders en waarden fermoarde troch de flok fan in Tsjustere Hear. Harry wie doe noch in poppe, mar hat it op ien of oare manier oerlibbe. Hy ferlit de freeslike Migels dy’t him grutbrocht hawwe, en giet nei Swiniastate, in tsjoendersskoalle mei spoeken en betsjoenings. Harry rekket fersyld yn in tsjuster aventoer as er in trijekoppige hûn fynt, dy’t de tredde ferdjipping fan ’e skoalle bewekket.… Lês fierder

Nyk de Vries

Motorman & 39 oare proazagedichten | 3

logo.ensafh

3. KARNAVAL

In donkere wein kaam oanriden en in lyts famke stapte út. Se krige in tas oanrikt en fleurich ferklaaid as clowntsje rûn se it skoalplein oer. Mar karnaval wie pas oare wike. It famke wie as iennichste sminkt en de hiele moarn moast se treasteleas gûle. Tsjin healwei fjouweren helle har mem har wer op. Dy skrok raar doe’t se it ferhaal hearde en wiidweidich en mei triennen yn ‘e eagen fertelde se wat dy moarn allegear ferkeard gien wie. Se hie miskien better swije kind. Dingen útlizze, dat kinne we allegear hiel goed.

(Foarpublikaasje 3 fan 3, út de bondel dy’t útkomme sil op 26 augustus 2007 op de Dag van de Uitmarkt, yn Paradiso, Amsterdam.)Lês fierder