Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (15)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw

Dokter Kuipers

Ik brek wer efkes yn, wat it ferhaal oanbelanget. De ôfrûne dagen haw ik it steapeltsje brieven foar de safolste kear lêzen, en, fansels, myn oantekenings útwreide. De grize giet my hieltyd wer oer de grouwe. Ut de foarige blogkes, distillaasjes ommers fan de weromfûne brieven, werjûn as wie it fiksje fanwege de lêsberens, hat wol bliken dien dat, wat seksualiteit oanbelanget, Douwe mear op manlju ynsteld wie, en Simke har foarkar nei froulju útgie.… Lês fierder

Henk Nijp

Dykmiel

logo.ensafh

Doe’t ik de bocht om kaam seach ik se fuort al, midden op ’e dyk. Op it plak dêr’t lang lyn in wite streek sitten hie. Drok hipten se der om. Eins wat nuver, want meastentiids toarkje se heech yn ’e beam om mei in protte kabaal, skite de dyk wyt of fleane ûnferskillich wat hinne en wer. Der soe wol wat te rêden wêze.

Ik wie ûnderweis om myn rûntsje te draven. Kalm oan hjoed, ik hie it wol oan tiid. Doe’t ik tichterby kaam makken se gjin oanstalten om fuort, sterker noch se hiene neat yn ’e gaten, of woene my net sjen.… Lês fierder

Marcel Plaatsman

In ferskûle ferskaat

logo.ensafh

Yn myn deistich libben soe ik tekstskriuwer wêze, wat eins mar in nuver wurdsje is en ek in nuver berop, want it komt der op del dat ik in grut part fan ’e dei op Twitter sit, yn plak fan hurd te wurkjen. Dêr (op Twitter dus) lies ik fan ’e wike dat in Belch, Kris Kuppens, yn De Morgen skreau dat er nei de siken hapte nei’t er Antwerpske lûden hearde op ’e telefyzje. Dat skreau er yn in kollum foar dy krante. Dat it wie him sa wichtich, dat happen nei de siken, dat er dêr in kollum oan bestege.… Lês fierder

Klaas Rusticus

Plysjebesite

logo.ensafh

Ien bernepornoplaatsje kin liede ta oanhâlding.
Ik lit no yn my omgean en hingje myn hiele assortimint oan gleonensoanfiterjende byldliteratuer efter de ruten oan de eastside fan myn wente, sadat net allinnich de learlingen fan ’e R.K.-basisskoalle St. Aloysius, mar ek it ûnderwizend personiel en letter de fertsjintwurdigers fan de Meisizzenskipsried, de Underwiisynspeksje, it Komitee Lûdoerlêst Skiphol en it Produktskip Fee,
Fleis en Aaien der ûnbedimme kundskip fan nimme kinne. Benammen fan it wurk fan Klimt, Schiele, Sturges, Balthus en von Gloeden, de soan fan ’e Dútske Kaiser.

As dan nei gâns in skoft de hearen Herman Dad oan ’e doar ferskine, sil ik sizze: ‘Kom jongelju, opdonderje.Lês fierder

Lomme Schokker

Frysk skriuwe en de wow-faktor

logo.ensafh

Alles is psychology, sa lang it teminsten noch net ta in algoritme ferwurden is. Myn skriuwen fan de lêste pear jier hat bepaalde effekten op my. Foar’t dy wer weiwurde moat ik se hjoed mar fan my ôfskriuwe. Dan ha ik it fêstsetten, is it út de wei en hearre jimme my der net mear oer.

Skriuwe is ûntdekke. Ik kom wurden tsjin dy’t ik skjin fergetten wie, wurden fan ús heit en fan ús mem. Watguod? Ik hear it heit noch sizzen. Fertutearze, allikefolle, arrejakkes, dêroanta, wrottersspultsje. Se komme werom yn myn fokabulêre. Nij binne in protte siswizen, dy’t ik net koe, mar dy’t wol sa moai binne.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (14)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw

De diagnoaze

Myn ferûntskuldigings, bêste lêzers fan dit blogke. Ik moat it ferhaal wer efkes ûnderbrekke (krekt no’t it spannend wurdt) mei it nijs dat ik by de bedriuwsdokter west haw, dy’t my nei de spesjalist, psychiater Hidde Watsma ferwiisde, mei as útkomst dat ik foarearst arbeidsûngeskikt ferklearre bin. De medikus woe my eins daliks opnimme litte, mar nei beswieren fan myn kant – ik haffele der al wat nuver yn om – waard besletten dat it earst mei nije medikaasje besocht wurde soe.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Kultureel Frysk

logo.ensafh

No minsken, dit wurdt myn lêste stikje oer de Kulturele Haadstêd 2018. Op himsels fûn ik de drokte dy’t de toeristen meibrochten tige gesellich, hear. En se fregen my ek geregeld de wei, dan kinne jo josels efkes in wichtich persoan fine, no. Resinsjes fan Kulturele manifestaasjes kin ik jim net leverje, want ik haw neat meimakke, ik hie der gjin nocht oan. Of… wachtsje efkes, it wie my hast ûntkommen: Bach syn Mattheüs Passion yn it Frysk yn maart, dêr wie ik al by. Lei it oan de akoestyk of hawwe de foar in grut part net-Frysktalige sjongers net lang genôch oefene om de útspraak fan ús taal yn ’e macht te krijen?… Lês fierder